Metal Church is in Amerikaanske metalband yn 1983, yn San Francisco oprjochte. Yn 1984 kaam har debútalbum "Metal Church" út. Yn 1995 waard de band opheft, mar yn 1998 waard in trochstart makke, om yn 2009 der wer mei op te hâlden. Fanôf 2012 is de band wer aktyf, mar yn 2021 ferstoar sjonger Mike Howe it is net alhiel dúdlik as de band noch trochgiet mei in nije sjonger as net. Yn de rin fan de jierren had de band in protte wikselingen yn de besetting hân. Metal Church hat tolve studio-albums útbrocht en trije live-albums. Metal Church hat op alle trije de grutte Fryske metalfestivals spiele, Wâldrock 2005, Dokk'em Open Air 2014 en yn 2017 stiene hja op it poadium fan Into the Grave], op it aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert.

Metal Church
band
Metal Church yn 2016
Metal Church yn 2016
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 19831995,
19982009,
2012status ûndúdelik
label(s) Ground Zero,
Elektra,
Epic,
SPV,
Rat Pak
âld-leden Duke Erickson bas (1983–2001)
Craig Wells gitaar (1981–1998)
Kirk Arrington drums (1983–2006)
David Wayne sang (1983–1988), (1998–2001) †
Mark Baker gitaar (1986)
John Marshall gitaar (1986–2001)
Mike Howe sang (1988–1996), (2015–2021) †
Brian Lake bas (1999)
Jeff Wade drums (1999)
Ronny Munroe sang (2003–2014)
Jay Reynolds gitaar (2003–2008)
Jeff Plate drums (2006–2017)
leden
Sang Fakant
Gitaar Kurdt Vanderhoof
Gitaar Rick van Zandt
Bas Steve Unger
Drums Stet Howland

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Single(s)
Metal Church july 1984 Ground Zero
The Dark 6 oktober 1986 Elektra Start the Fire,
Watch the Children Pray
Blessing in Disguise 7 febrewaris 1989 Fake Healer,
Badlands
The Human Factor 26 maart 1991 Epic
Hanging in the Balance 7 oktober 1993 Rising Sun
Masterpeace 22 july 1999 SPV
The Weight of the World 28 septimber 2004
A Light in the Dark 16 juny 2006
This Present Wasteland 23 septimber 2008
Generation Nothing 22 oktober 2013 Rat Pak
XI 25 maart 2016 No Tomorrow,
Killing Your Time,
Reset
Damned If You Do 7 desimber 2018

Live-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label
Live in Japan 23 july 1998 Victor
Live 5 oktober 1998 Steamhammer
Classic Live 28 april 2017 Rat Pak

Kompilaasje-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op
Beyond the Black 12 july 2019
From the Vault 10 april 2020
Return of the Fake Healer 10 april 2020

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: