Michael Triegel
Michael Triegel (berne op 13 desimber 1968 yn Erfurt) is in Dútske keunstskilder, tekener en grafikus. Triegel wennet en wurket yn Leipzig.
Michael Triegel | ||
keunstner | ||
Michael Triegel (rjochts) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 13 desimber 1968 | |
berteplak | Erfurt | |
wurkpaad | ||
streaming | Leipziger Skoalle |
Oplieding
bewurkje seksjeNei't Triegel de middelbere skoalle yn 1987 foltôge, wurke er ynearsten as grafikus. Yn 1990 sette er útein mei in stúdzje skilderkeunst en grafyk by Arno Rink oan 'e Universiteit foar Grafyske en Boekkeunsten yn Leipzig, dy't er yn 1995 mei in diploma foltôge. Neffens eigen sizzen hie Triegel syn artistike ûntweitsjen om dy tiid yn in Romeinske tsjerke. Syn regelmjittige reizen nei Itaalje, Grut-Brittanje en Switserlân hiene grutte ynfloed op syn lânskippen. Hy foltôge tusken 1995 en 1997 syn postdoktorale oplieding.
Wurk
bewurkje seksjeMei de útfiering fan 'e muorreskildering Allegorie der Guten Regierung yn it histoaryske stedhûs fan Plochingen yn Baden-Wuerttemberch yn it jier 2000 krige er by it grutte publyk bekendheid.
Syn earste tsjerklike opdracht krige Triegel foar in predella foar it letgoatyske alter yn 'e kapel fan Barsinghausen-Langreder by Hannover. Dêrnei folgen mear opdrachten fan ferskillende tsjerken. Yn 2005 liet de Würzburger biskop yn it dommuseum Triegel's wurk Auferstehung ophingje, itjinge yn Würzburg argewaasje oplevere om 't minsken harren oan 'e neakene figuer fan 'e Soan fan God steurden.[1] Yn 'e jierren 2009-2010 mocht Triegel foar de Würzburger dom in plafondfresko fan 3,8 by 2,3 m meitsje, itjinge him in rige nije tsjerklike opdrachten oplevere. Nei't Triegel yn 2009 in portret makke fan biskop Gerhard Ludwig Müller, krige er fan it bisdom Regensburg yn 2010 de opdracht om paus Benediktus XVI te skilderjen. In twadde ferzje fan it portret fan paus Benediktus waard op 16 april 2013 yn it ramt fan 'e 86e jierdei fan 'e paus yn 'e Dútske ambassade by de Hillige Stoel ûntbleate.
Triegel waard yn 'e Peaskenacht fan 2014 troch biskop Heiner Koch yn 'e Dresdner Hofkirche katolyk doopt. Die Zeit neamde Triegel "de ferneamste religieuze keunstner fan Dútslân".[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Michael Triegel
|