Middellânske See

(Trochferwiisd fan Middellânske-Seegebiet)

De Middellânske See leit tusken Súd-Jeropa, West-Aazje en Noard-Afrika. It gebiet is 3860 km lang en hat in trochsneed breedte fan 600 km, de trochsneed djipte fan de see is likernôch 1500 m. It oerflak fan de see is om-ende-by 2 miljoen km².

Middellânske See
geografy
type wetter binnensee / rânesee
lokaasje tusken Súd- en Súdeast-
   Jeropa
, Noard-Afrika en
   West-Aazje
lân Albaanje
Algerije
Bosnje-Hertsegovina
Egypte
Frankryk
Gibraltar
Grikelân
Israel
Itaalje
Kroaasje
Libanon
Lybje
Malta
Marokko
  Monako
Montenegro
Palestina
Syprus
Syrje
Sloveenje
Spanje
Tuneezje
Turkije
koördinaten 35° N, 18° E
ûnderdiel fan Atlantyske Oseaan
sifers
maks. lingte 3.860 km
maks. breedte 1.600 km
oerflak 2.500.000 km²
djiptegemiddelde 1.500 m
djipste punt 5.109 m
wetterfolume 3.750.000 km³

De Middellânske See foarmet de grins tusken Jeropa en Afrika en foar in part ek dy tusken Jeropa en Aazje. It is fia de Strjitte fan Gibraltar (tusken Spanje en Marokko) ferbûn mei de Atlantyske Oseaan en fia de Bosporus mei de Swarte See, dy't neffens guon betinkens (mar net neffens it deistich spraakgebrûk) ek ta de Middellânske See heart. De ferbining mei de Reade See is in keunstmjittige en ferrint fia it Suezkanaal yn Egypte.

De Middellânske See kin opdield wurde yn in Westlik Bekken en in Eastlik Bekken. De grins wurdt ornaris lein by it eilân Sisylje, dat mei de tean fan 'e Lears fan Itaalje en de noardwestkust fan Tuneezje in natuerlike fersmelling fan 'e see foarmet. Ta de Middellânske See hearre ferskate lytsere seeën, mei dêrûnder yn it Westlik Bekken de Alboransee, de Baleaarske See, de See fan Sardynje, de Ligueryske See en de Tyrreenske See, en yn it Eastlik Bekken de Adriatyske See, de Ioanyske See, de Golf fan Sirte, de Libyske See, de Levantynske See en de Egeyske See, wêrfan't dy lêste sels wer de Kretinzyske See, de Ikaryske See, de Myrtoaanske See en de Trasyske See omfiemet.

De wichtichste eilannen dy't yn de Middellânske See lizze, binne:

Lannen en territoaria dy’t oan de Middellânske See grinzgje, binne:

De Nyl is fierwei de grutste rivier dyt útmûnet yn de Middellânske See. Alle oare grutte rivieren (langer as 400 kilometer) dy´t yn de Middellânske See útmûnje, ûntspringe yn Jeropa. Fan west nei east binne dat: de Ebro, de Rhône, de Tiber, de Po, de Adige (Etsch) en de Maritsa (Evros).

Middellânske Seeklimaat

bewurkje seksje

It Middellânske Seeklimaat wurd ek wol Mediterraansk klimaat neamd. De term Middellânske Seeklimaat ferwiist nei it klimaat yn lannen rûn de Middellânske See. De grutte, relatyf waarme, wettermassa is fan grutte ynfloed op de lannen om de Middellânske See. De noardlik lizzende lannen binne dêrtroch relatyf waarm, de súdlike lannen relatyf koel. De simmers binne waarm en de winters, wêryn't de measte rein falt, binne sêft. It Mediterraansk klimaat makket ûnderdiel út fan it subtropyske klimaatgebiet.