Maria Antoinette (Mies) Bouwman (Amsterdam, 31 desimber 1929 - Elst (Utert), 26 febrewaris 2018) wie in Nederlânsk telefyzjepresintatrise.

Mies Bouwman
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Mies Bouwman, 1979
Mies Bouwman, 1979
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maria Antoinette Bouwman
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 maaie 1977
berteplak Amsterdam
stoarn 26 febrewaris 2018
stjerplak Elst
wurkpaad
wurksum as presintatrise
medium tillefyzje, radio
wurksum by AVRO, KRO, VARA
jierren aktyf 1951-1993
prizen Gouden Televizier Oeuvre Ring 2009
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Biografy bewurkje seksje

Karriêre bewurkje seksje

 
Bouwman by Open het Dorp (1962)

Nei 18-jierige de MMS hie Bouwman ferskate wurkjouwers. Se wie ûnder mear stewardess op de Europabus en kantoarjuffer.[1] Se wie de omropster op de alderearste telefyzjejûn fan de KRO op 16 oktober 1951. Se waard oannaam nei in presintaasjetest foar de kamera, mar wie net sa mar frege: se wie de dochter fan de sekretaris fan de KRO.

Op telefyzje wie se altyd fleurich en freonlik en faak iepene se in programma mei "Dag lieve mensen".

Bouwman presintearre 25 jier lang de yntocht fan Sinteklaas op de Nederlânske telefyzje. Har grutste bekendheid krige se lykwols doe't hja op 26/27 novimber 1962 de earste grutte woldiedichheidsaksje op de Nederlânske radio en telefyzje presintearre. Tegearre mei inisjatyfnimmer dokter Arie Klapwijk brocht se Open het Dorp. It wie de bedoeling om jild yn te sammeljen foar de bou fan Het Dorp, in hendikeptewyk yn Arnhim. Yn dy radio- en telefyzje-útstjoering dy't 23 oeren duorre waard hast 12,2 miljoen gûne ynsammele, in bedrach dat letter oproan ta sa'n 22 miljoen gûne. Dat wie in slompe jild yn in tiid sûnder reklame.

Bouwman kaam yn opspraak mei it tf-programma Zo is het toevallig ook nog eens een keer troch yn de ôflevering fan 4 jannewaris 1964 in skets útsjoerd waard dêr't Peter Lohr yn in sabearegebed útspriek yn de foarm fan it "Us Heit" ta it byld (dêr't de telefyzje mei bedoeld waard). It foarfal late ta in protte opskuor yn it lân en fragen yn de Twadde Keamer. Foaral Bouwman, de favoryt fan Open het Dorp fan it publyk, moast it belije. Fanwegen bedrigingen oan har adres fielde se har twong om har meidwaan oan it programma te beëinigjen.

Yn 1993 hold se op mei it telefyzjewurk. Dat wie nei in slimme ynfeksje. Se ferskynde út en troch noch wol yn telefyzjeprogrammas as gast.

Mies hat foar ferskate omroppen wurke: KRO, AVRO, VARA. Bekende programma's binne:

Priveelibben bewurkje seksje

Mies Bouwman wie troud mei regisseur Leen Timp fan 1955 oant syn ferstjerren yn 2013. Timp en Bouwman krigen fjouwer bern, ûnder mear muzikant en sjonger Joost Timp, en trettjin bernsbern.[2] Yn har omroptiid wenne Mies Bouwman mei har húshâlding yn Blaricum. Dêrnei ferhuze se nei Elst yn de provinsje Utert. Op 28 maaie 2009 waard se oan in hertklep operearre, wat goed slagge. Yn 2014 lei se lang yn 't sikehûs fanwegen in longûntstekking. Yn oktober 2017 hie se dêr wer lest fan.[3] Bouwman stoar thús yn de âldens fan 88 jier.

Berneboeken bewurkje seksje

Bouwman skreau (op syn minst) trije berneboeken. Yn 1971 ferskynde Mies Bouwman vertelt, mei yllustraasjes fan Hans van der Linden en útjûn by De Gooise Uitgeverij. Yn 2002 seach Rambamboelie it ljocht en yn 2007 Jammerdejammer, beide yllustrearre troch Philip Hopman en ferskynt by Utjouwerij Ploegsma.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mies Bouwman gooit er het bijltje nog niet bij neer, Nieuwe Leidsche Courant, 26 maart 1977
  2. Mies Bouwman in ziekenhuis, De Telegraaf, 3 jannewaris 2014
  3. Opnieuw longontsteking voor Mies Bouwman
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mies Bouwman fan Wikimedia Commons.