Militêr bûnsgenoatskip

In militêr bûnsgenoatskip of in militêre alliânsje is in formeel ferdrach tusken twa of mear lannen oangeande nasjonale feilichheid. Lidsteaten fan in militêr bûnsgenoatskip stimme dermei yn om yn it gefal fan in oanfal fan bûten it bûnsgenoatskip net inkeld it eigen grûngebiet te ferdigenjen, mar ek dat fan alle oare lidsteaten. Dêrtroch steane se sterker nei bûten ta. Bekende foarbylden fan militêre bûnsgenoatskippen binne de NATO en it Warsjaupakt, dêr't Jeropa ûnder de Kâlde Oarloch fan 1947 oant 1989 yn ferdield wie. De NATO wie Westersk, kapitalistysk en waard laat troch de Feriene Steaten, en it Warsjaupakt wie Eastersk, kommunistysk en waard oanfierd troch de Sovjet-Uny.

De ferdieling fan Jeropa yn 'e Kâlde Oarloch yn 'e militêre bûnsgenoatskippen fan 'e NATO (blau) en it Warsjaupakt (read).

Foarôfgeande oan 'e Earste Wrâldoarloch wie Jeropa ek ferdield yn twa grutte militêre bûnsgenoatskippen: de Triple Entente en de Triple Alliânsje. De Triple Entente bestie út it Feriene Keninkryk, Frankryk en it Keizerryk Ruslân, wylst de Triple Alliânsje opmakke wie út it Keizerryk Dútslân, de Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy en it Itaalje. Dat de ôfspraken dy't by de foarming fan militêre bûnsgenoatskippen makke wurde, net altyd neikommen wurde, die bliken by it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch yn 1914, doe't Itaalje yn 't earstoan neutraal bleau, om't it lân him net bûn fielde yn in oarloch te fjochtsjen dy't troch Dútslân en Eastenryk-Hongarije sels begûn wie. Yn 1915, doe't Itaalje him àl yn 'e oarloch mong, wie dat oan 'e kant fan 'e Triple Entente, tsjin syn eigen eardere bûnsgenoaten.

Foarôfgeande oan it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch yn 1914 wie Jeropa ferdield yn 'e militêre bûnsgenoatskippen fan 'e Triple Entente (ljochtgrien) en de Triple Alliânsje (legergrien).

Militêre bûnsgenoatskippen binne der yn trije soarten. De entente (lykas de Triple Alliânsje of de Triple Entente) is in soartemint algemien militêr bûnsgenoatskip, dat sawol op ferovering as ferdigening rjochte wêze kin. It ferdigeningspakt is in militêr bûnsgenoatskip dat útslutend op ferdigening rjochte is (lykas de NATO). In non-agresjepakt, ta einbeslút, is in bûnsgenoatskip wêrby't de dielnimmende lannen plechtich ûnthjitte dat se inoar net oanfalle sille. In foarbyld dêrfan is it Molotov-Ribbentroppakt, dat yn 1939 sletten waard tusken nazy-Dútslân en de Sovjet-Uny. Yn it ferline wiene militêre bûnsgenoatskippen gauris rjochte op agresje en ferovering, mar sûnt de Twadde Wrâldoarloch is it doel hast altyd it organisearjen fan in mienskiplike ferdigening.

It bestean fan in militêr bûnsgenoatskip tusken twa lannen wurdt soms geheim holden; as der trije of mear lannen by belutsen binne, is dat suver net foarinoar te krijen, mei't der altyd wol earne in lek sit. It geheim hâlden fan militêre bûnsgenoatskippen wie fral yn it tiidrek fan 'e Belle Époque, tusken 1870 en 1914, hiel gewoan. Neffens in ynventarisearring út 2002 hawwe der tusken 1815 (de ein fan 'e Napoleontyske Oarloggen) en 2003 wrâldwiid yn totaal 538 militêre bûnsgenoatskippen west tusken lannen. By de grutte mearderheid dêrfan gie it om ôfspraken om inoar militêr te help te kommen yn gefal fan in oanfal fan in trêde partij.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.