De Milvyske Brêge (Latyn: Pons Milvius; Italjaansk: Ponte Milvio) is ien fan de wichtichste brêgen oer de Tiber yn Rome.

Milvyske Brêge, oer de Tiber.

De earste brêge wie boud troch konsul Gaius Klaudius Nearo yn 206 f.Kr., neidat er it Kartaachske leger ferslein hie yn de Slach fan de Metaurus. Yn 115 f.Kr. boude konsul Markus Aemilius Skaurus in nije brêge fan stien op itselde plak as de earste. Yn 312 fersloech Konstantyn de Grutte syn grutte tsjinstanner Maksentius by de brêge yn de ferneamde Slach by de Milvyske Brêge.

Yn de Midsiuwen waard de brêge renovearre troch de muonts Acuzio, en yn 1429 frege Paus Martin V de ferneamde arsjitekt Francesco da Genazzano om de brêge op te laapjen. Yn de 18e en 19e iuw, waard de brêge feroare troch Valadier en Pigiani.

Yn 2006 begûnen fereale spantsjes der mei om op de brêge om de lantearnepeal in leafdesslot te hingjen. De kaaien waarden yn de Tiber smiten. Op 13 april 2007 waard mei dat brûkme stoppe omdat de lantearnepeal it bejûn hie.

Keppeling om utens bewurkje seksje