Minnistetsjerke fan Makkum

De Minnistetsjerke fan Makkum is in monumintaal tsjerkegebou, in fermanje, op de hoeke fan de Bleekstrjitte en de Túnstrjitte yn Makkum.

Minnistetsjerke fan Makkum
De Minniste Tsjerke yn Makkum mei byhearrende kosterswente anno 2011
De Minniste Tsjerke yn Makkum mei byhearrende kosterswente anno 2011
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Makkum
adres Bleekstrjitte 16
koördinaten 53° 3' NB, 5° 24' EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Minnistegemeente
Arsjitektuer
arsjitekt H.H. Kramer
boujier 1909
monumintnûmer 516524
Webside
Hiemside Minnistegemeente
Kaart
Minnistetsjerke fan Makkum (Makkum)
Minnistetsjerke fan Makkum

Skiednis bewurkje seksje

De fermanje fan Makkum en de byhearrende kosterswenning waarden yn 1909 boud. Foar dat doel hie de minnistegemeente fan Makkum yn 1908 in stik grûn op de hoeke fan de Bleekstrjitte en de Túnstrjitte kocht. It ûntwerp fan it kompleks is fan de Ljouwerter arsjitekt Hendrik Hendriks Kramer. Hy ûntwurp de gebouwen yn in ienfâldige Um 1800-styl. Kenmerkend binne de ferskillende klokgevels fan de tsjerke en de kosterswenning.[1] It tagongsstek oan de Bleekstrjitte sit ûnder in segmintbôge mei dêrboppe in boarstwarring op de hoeke markeard mei in bolpiron. Boppe de portyk hat de gevel ien fan 'e klokgevels en oan 'e linkerkant fan de portyk is in toerfoarmige konstruksje makke.

 
Oargel

De kosterswenning hat in klokgevel oan de Bleekstrjitte en oan de Túnstrjitte. Yn dat lêste geveldiel sit de tagongsdoar fan de wente. De wente hat in skou mei Makkummer tegels mei ôfbylden fan skippen.

De fermanje en de kosterswenning binne beide erkend as ryksmonumint ûnder mear om de geefheid fan it eksterieur en ynterieur, de kultuerhistoaryske- en arjitektuerhistoaryske betsjutting en as foarbyld fan it wurk fan de arsjitekt Kramer.

Oargel bewurkje seksje

It tsjerkeoargel is yn 1890 boud troch de firma L. van Dam & Zn út Ljouwert, dy't dêrby gebrûk makke fan inkele ûnderdielen fan in earder troch A. van Gruisen yn 1839 boud oargel. It oargel is allinnich tagonklik fia de kosterswenning. it ienmanualige ynstrumint hat njoggen registers.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Neffens Karstkarel wie it kompleks sa as wenkompleks foarm jûn as in ferwizing fan de arsjitekt nei de skûltsjerken dy't yn it ferline troch minnisten brûkt waarden (Karstkarel 2006:97)