Minstead is in plak en civil parish in it distrikt New Forest, yn it Ingelske greefskip Hampshire. It doarp leit sa'n 3 kilometer benoarden Lyndhurst en 124 km bewesten Londen. Der is in winkel en in pub, de Trusty Servant. Sir Arthur Conan Doyle syn grêf leit ûnder in grutte beam op it hôf fan de 13e iuwske 'All Saints'-tsjerke.

Minstead
Allerheljentsjerke yn Minstead
Allerheljentsjerke yn Minstead
Sifers
Ynwennertal 685 (2011)
Polityk
Lân Ingelân
Regio Súdeast-Ingelân
Distrikt New Forest (distrikt)
Oar
Tiidsône UTC
Webside Minstead Village Community Website