Mohammed ibn Mûsa al-Kwarizmy (Perzysk: محمد بن موسى الخوارزمي; sekuere transliteraasje: Abū ‘Abdallāh Muḥammad ibn Mūsā al-Khwārizmī) wie ien fan de ferneamdste wittenskippers op de gebieten fan wiskunde, geografy en astrology. Hy waard berne omtrint 780 en stoar om 850 hinne. Kwarizmy wie in Pers en studearre yn it Hûs fan de Wiisheid yn Bagdad.

Al Kwarizmy op Russyske postsegel, útbrocht by de betinking fan syn 1200e bertedei yn 1983

Hy is berne yn de streek Gorasmje (of Kwarizm, Gwarezm en oare fariaasjes), destiids ûnderdiel fan it Perzyske Ryk (letter bekend as Ksiva, tsjintwurdich de provinsje Ksorazm yn Oezbekistan). De namme al-Kwarizmy betsjut kommend út Kwarizm. Syn famylje ferhuze koart dêrnei nei in doarpke tichtby Bagdad, dêr't hy yn de perioade 813 - 833 it grutste gedielte fan syn wurk skreau. It is ûndúdlik hokker taal hy spruts – Perzysk is in mooglikheid, mar mear yn de reden leit it Gwarezmiaansk, in wyls yn ûnbrûk rekke dialekt fan it Perzysk. Kwarizmy skreau al syn wurken yn it Arabysk, de taal fan de wittenskip yn de islamityske wrâld. It konsept fan in algoritme yn de wiskunde is syn idee. Hjirom wurdt hy wol de "pake fan de ynformatika neamd". De wurden "algoritme" en "algorisme" binne fan syn namme ôflaat, wêrút syn belang as wittenskipper blykt.

Fierder levere hy grutte bydragen oan gebieten als algebra, trigonometry, astronomy en astrology, geografy en kartografy. Syn systematyske en logyske oanpak fan it oplossen fan lineêre en kwadratyske fergelikingen joegen stal oan de algebra, in fakgebiet dat syn namme ûntlient oan Kwarizmy's ferneamde boek oer it fakgebiet: Hisab al-jabr wa al-muqabala (Arabysk: حساب الجبر و المقابلة) – "de teory fan transformaasje en werstel", referearjend oan de manieren wêrop dieltermen yn algebrayske termen manipulearre wurde kinne.

Hoewol't it liuwediel fan syn wurk op eigen ûndersyk basearre is, die hy ek in soad oan de gearfoeging fan kennis út Grykske, Yndyske, Egyptyske en oare boarnen. Hy naam it Yndyske symboal "0" oer en yntroduseare it brûken fan Arabyske sifers (kommend út Yndia) yn de wiskunde.

Kwarizmy systematisearre en korrizjearre it wurk fan Ptolemeus op it mêd fan geografy, astronomy en astrology mei syn eigen befinings. Hy joech lieding oan in groep fan 70 kartografen om in kaart fan de doe bekende wrâld te meitsjen.

Sûnt de 12e iuw, doe't syn werk oersetten waard yn it Latyn, oefene syn wurk, benammen op it mêd fan de algebra, in djipgeande ynfloed út op de fierdere ûntwikkeling fan de wiskunde yn Europa. Syn wurken bleaunen oant de 16e iuw toanoanjaand oan de Europeeske universiteiten.

Hy skreau ek oer meganyske útfinings as de klok, it astrolabium en de sinnewizer. Ta syn oare bydragen hearre trigonometryske tabellen, ferbetteringen yn de mjitkundige representaasje fan kegelsneden en aspekten fan de twa-fouten kalkulus.

Keppeling om utens bewurkje seksje