Mon Calamari

(Trochferwiisd fan Mon Cala)

Mon Calamari (inkeltal idem) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Hja binne amfibysk, mei hannen dy't swimfluezzen tusken de fingers hawwe. De holle is grut yn ferhâlding ta it lichem, mei in hege foarholle en grutte fiskeftige eagen dy't leech oan 'e sydkanten fan 'e holle steane. Fanwegen dy posisjonearring fan 'e eagen moatte se har in bytsje fansiden draaie om dingen of persoanen te bestudearjen dy't rjocht foar harren steane. Mon Calamari geane op twa fuotten en hawwe in lingte fan likernôch 1.70 m. Harren hûdskleur is ornaris salmkleurich, mar der binne ek guon mei hûd mei in oare kleur, wêrûnder grien, dûnkerblau, ljochter blau en pears.

In Mon Calamari.

Mon Calamari binne fan natuere bewenners fan iggen en kusten, dy't it leafst deunby oerflaktewetter bliuwe. Se kinne ûnder wetter sykhelje en hawwe it fermogen om sûnder dûkerstaris oant in djipte fan likernôch 30 m te dûken. Se binne lânseigen op 'e planeet Mon Cala, dy't foar fierwei it grutste part út oseaan bestiet, en dy't se diele mei in oare yntelligint ras fan amfibyske bûtenierdske wêzens: de Quarren.

Under de Kloane-oarloggen holden de Mon Calamari it mei de Galaktyske Republyk, mar keazen de Quarren de kant fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. De separatisten besochten en helje de monargy fan 'e Mon Calamari ûnder fuotten troch de Quarren in ûnbidich ûnderwetterleger fan androïden te leverjen. Doe't de Jedi-ridders Anakin Skywalker, Ahsoka Tano en Kit Fisto lykwols oan it ljocht brochten dat de Konfederaasje fan doel wie om 'e Quarren te ferrieden troch in bûtensteander as hearsker oer Mon Cala oan te stellen, rûnen de Quarren oer nei de kant fan 'e Mon Calamari om 'e separatisten fan Mon Cala te ferdriuwen.

In jier nei't de boasaardige keizer Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten helle, en it Galaktysk Keizerryk útrôp mei himsels as steatshaad, waard Mon Cala oanfallen troch Keizerlike troepen. Nettsjinsteande it besykjen fan 'e Mon Calamari om 'e frede te bewarjen, ferneatigen de Keizerlike troepen ferskaten fan harren driuwende stêden en waard de hiele befolking ta slaaf makke. Yn 'e Galaktyske Boargeroarloch keazen de ûntkommen ballingen dy't gearklofte wiene ta de Mon Calamari-Eksodusfloat de kant fan it Rebelleferbûn. Mei harren grutte Mon Calamari-krusers (eins omboude keapfardijskippen) wiene hja in grutte fersterking foar de rebellefloat. Ien fan harren, admiraal Gial Ackbar, waard neitiid ien fan 'e meast foaroansteande militêre lieders fan 'e rebellen en spile in wichtige rol yn 'e beslissende Slach by Endor. In oaren, admiraal Raddus, kaam foartiid om by it bemachtigjen fan 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer by de wraam op 'e planeet Scarif.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin