Mûntsjebuorstermole

(Trochferwiisd fan Monnikebuorrenmole)

De Mûntsjebuorstermole (Nederlânsk: Monnikenburenmolen) is in poldermole en ryksmonumint yn it doarp Nijhuzum yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân.

Mûntsjebuorstermole
mûne / mole
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Nijhuzum
adres nû. 17
koördinaten 52° 59' N 5° 29' E
bysûnderheden
type mûne spinnekopmole
funksje poldermole
flecht 13,60 meter
boujier 2008
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 527646
Webside
Molestifting Súdwest-Fryslân
Kaart
Mûntsjebuorstermole (Fryslân)
Mûntsjebuorstermole

De Mûntsjebuorstermole waard noch foar 1832 boud om tegearre mei in oare spinnekopmole de 155 ha grutte Mûntsjebuorsterpolder te bemeallen. De mole hat in flecht fan 13,60 meter en hie yn it earstoan in skeprêd en krige pas letter in fizel. Foar 1940 waard de funksje fan 'e mole oernomd troch in diselmotor, dy't yn 'e ûnderbou fan de mole setten waard. De boppekast waard dêrnei sloopt. De diselmotor waard letter ferfongen troch in elektromotor.

Om 't in pear Fryske moleleafhawwers fanwegen kamen, koene de sloopplannen foar de ûnderbou yn 1944 opkeard wurde. De mole waard yn 2003 eigendom fan de Molestifting Nijefurd (no: Molestifting Súdwest-Fryslân). De ûndertoer waard ôfbrutsen en is yn it wurkplak oplape, wylst de boppekast hielendal nij makke waard. Foar de ôfbraak wie de ûnderbou fan 'e mole mei pannen dutsen, mar om't dêr noch reitlatten sieten, waard besletten de ûnderbou mei reit te beklaaien. Yn 2008 waard de mole wer opboud.

Sûnt is de Mûntsjebuorstermole wer mealree. De mole is in ryksmonumint en kin op ôfspraak besichtige wurde.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: