De Montbéliarde is in read-wyt koweras út de regio Montbéliard yn Frankryk, dat yn it foarste plak foar de molke, benammen it meitsjen fan tsiis, hâlden wurdt.

Montbeliarde-ko
Keppel Montbéliarde's

It is in middelgrutte oant grutte dûbelddoelko fan sa'n 700 kg mei in skofthichte fan likernôch 136 sm. Bollen wurde sa'n 1000 kg, mei in skofthichte fan 148 sm. De klam by it hâlden fan dizze kij leit op de molkproduksje. De bisten binne read-wyt, útsein de kop dy't wyt bliuwt.

It ras ûntstie yn it begjin fan de 18e iuw út krusings tusken lânseigen rassen fan de Franche-Comté mei Berner Simmentalers. Sadwaande lykje sy ek op Fleckvieh. Yn 1889 waard it ras offisjeel erkend en waard in stamboek oanlein.

Yn de jierren 70 fan de 20e iuw waard de Red Holstein ynkrúst yn dit ras. Ek yn dy snuorje waarden út en troch Montbéliarde-bollen ynset by it Fleckvieh, mar dat wie meastal gjin súkses. Yn de jierren '90 waard de Montbéliarde ek krúst mei de rassen Deensk read en Vorderwalder.

Keppelings om utens bewurkje seksje