Iepenloftmuseum De Spitkeet

(Trochferwiisd fan Museum De Spitkeet)

Iepenloftmuseum De Spitkeet is in temapark yn De Harkema oer hoe't de minsken libben en wurken tusken 1850 en 1950 op de earme heide yn Fryslân en Grinslân.

Spitkeet
Arbeiderswent fan it museum

De spitkeet dy't al sûnt 1964 op it earmetsjerkhôf fan De Harkema stie waard troch de ynset fan Pleatslik Belang en de Stifting Ald-Achtkarpelen yn 1980 it begjin fan it iepenloftmuseum. It boumateriaal foar in spitkeet wiene "heidespitten", seadden mei heidewoartels. Meast hie sa'n keet ien romte, mei faak in geitestâl der yn. It ûntfangstgebou hjit "It Skieppehok".

Doe't de wenningwetwenten yn de sechtiger jierren net mear foldiene waarden se ôfbrutsen. Om ien te bewarjen waard in stifting oprjochte en it 'Jelle Dam-hûs' en it wâldhúske 'Jehannes – Hinke Hûs' folgen. Yn 2007 binne der in hoalewente en in klokkestoel komd op it 4 hektare grutte terrein. Fierders binne der in dobbe, in earmetsjerkhôf, in fruithôf en in wenningwetwente te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: