Must Love Dogs (film)

Must Love Dogs is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2005 ûnder rezjy fan Gary David Goldberg, mei yn 'e haadrollen Diane Lane, John Cusack en Dermot Mulroney. De titel betsjut "Moat fan Hûnen Hâlde". It ferhaal giet oer in fjirtichjierrige, skieden, fan hûnen hâldende skoaljuffer sûnder eigen bern, dy't har fertwifele ôffreget oft se ea noch leafde fine sil. Dan dûke der ynienen twa oantreklike manlju op en komt se telâne yn in trijehoeksferhâlding, wêrby't se it dreech fynt om in kar te meitsjen. Must Love Dogs krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

Must Love Dogs
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Gary David Goldberg
produsint Gary David Goldberg
Jennifer Todd
Suzanne Todd
senario Gary David Goldberg
basearre op de roman fan Claire Cook
kamerarezjy John Bailey
muzyk Craig Armstrong
filmstudio Team Todd
Ubu Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Diane Lane
John Cusack
Dermot Mulroney
byrollen Elizabeth Perkins
Stockard Channing
Christopher Plummer
Brad William Henke
Colin Egglesfield
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 july 2005
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $58,2 miljoen

Plot bewurkje seksje

Sarah Nolan is in fjirtichjierrige skoaljuffer op in beukerskoalle, dy't nei in lang houlik skieden is fan har man om't dy fereale rekke op in oare en fyftjin jier jongere frou. Om it noch minder te meitsjen hat Sarah altyd bern hawwe wollen, mar har man woe it net, en no is syn nije frou fan him yn ferwachting. Har susters Carol en Christine, har heit Bill, in widner dy't sels oan 'e rinnende bân nije freondinnen hat, en oare famyljeleden trúnje har oan om wer ris mei in man op in ôfspraakje te gean, mar Sarah hat der gjin sin oan om wer hielendal by nul wei te begjinnen, hoewol't se har fertwifele ôffreget oft se ea noch wer leafde fine sil.

Carol nimt dêr gjin genoegen mei. Se besiket en helje Sarah oer om út te gean mei Bob Connor, de oantreklike allinnichsteande heit fan ien fan 'e skoalbern út Carol har klasse, mar dêr wol Sarah neat fan witte, om't se it etysk net ferantwurde fynt om mei in heit fan in learling om te slaan. Dêrop makket Carol in profyl foar Sarah oan op 'e datingwebside PerfectMatch.com, wêrby't se in foto brûkt fan 'e Sarah har diploma-útrikking op 'e middelbere skoalle. De tekst dy't se tafoeget, omskriuwt Sarah as "wielderich" en stelt as betingst oan mooglike oanbidders dat se fan hûnen hâlde moatte ("must love dogs"), mei't Sarah op 't heden foar de hûn fan har troch houliksproblemen pleage jongere broer Michael soarget: in mânske Nijfûnlanner dy't Mother Theresa hjit.

Tsjin better witten yn beslút Sarah guon fan 'e manlju dy't har berjochtsjes stjoere te moetsjen. Dat liedt ta ferskate jammerdearlik ferrinnende ôfspraakjes mei in grynbek, in krimineel en ien mei pedofile nigings. Underwilens befynt Jake Anderson, dy't ek koartby skieden is, him yn min ofte mear deselde omstannichheden as Sarah. Syn bêste freon Charlie besiket him wer oan 'e frou te helpen, mar Jake hat mear belangstelling foar de hânmakke roeiboat dy't er oan it bouwen is. Charlie syn earste besykjen om Jake te keppeljen, oan in Sherry, rint alhiel ferkeard ôf. Dan sjocht er it profyl fan Sarah op it ynternet en makket foar Jake mei har in ôfspraakje op in hûne-útlitplak, wêrfoar't er him syn hûn, in terriër, lient.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De earste moeting fan Sarah en Jake ferrint net optimaal as de senuweftige Jake mar net ophâlde kin Sarah by fersin te misledigjen. Hoewol't dúdlik is dat er it sa net bedoeld, hat Sarah op in stuit har nocht en makket se in ein oan 'e moeting. Neitiid besiket Carol Sarah op 'e nij waarm te krijen foar Bob Connor, mar hoewol't Sarah tajout dat it in knappe man is, wol se noch altyd net har eigen regel oer omslaan mei âldelju fan learlingen brekke. Jake kin him Sarah mar net út 'e holle krije, dat hy stjoert har in berjochtsje fia de datingsite wêryn't er har mei út freget. Se hapt ta en hy nimt har jûns mei út te iten yn in Armeensk restaurant dêr't er bekend is. Nei in iepenhertich petear bringt er har thús, en dêr reitsje se mei-inoar op bêd. Op dat stuit docht bliken dat se net ien fan beiden in kondoom hawwe. Se jeie yn 'e auto nei in nachtwinkel om der ien te keapjen, mar tsjin 'e tiid dat se wer by Sarah thús komme, is it momint foarby en beslute se sûnder seks hân te hawwen útinoar te gean.

Sarah har heit Bill hat in nije freondinne, Dolly, dy't Sarah eins earst net lije mei. Op in famyljefeestje freget Bill Sarah skamteleas om Dolly foar him thús te bringen, mei't er in oar frommeske yn it fizier hat. Underweis reitsje Sarah en Dolly oan 'e praat en docht bliken dat se eins in protte gemien hawwe. Dolly ferjout Bill syn nuvere strapatsen om't se sels fia datingsites op it ynternet kontakt ûnderhâldt mei in stikmannich oare (mooglike) frijers. In pear dagen letter skillet Jake Sarah op om har nochris mei út te freegjen, mar it petear wurdt rou ûnderbrutsen troch in needgefal by Dolly. Ien fan har frijers is delkommen, en no blykt it om in achttjinjierrige jonge te gean. Sarah hastiget har nei Dolly ta om te helpen de swierrichheden op te lossen.

As Sarah letter nei hûs giet, komt se by Bob Connor syn hûs lâns, fan wa't se koartby sinjalen opfongen hat dat er har wol sitten sjocht. Oer har eigen etyske regels hinne stappend skillet se ympulsyf by him oan. Sarah wurdt danich yn ferlegenheid brocht as blykt dat Bob in oar frommeske oer de flier hat, in kollega fan Sarah dy't June hjit. Se naait yn betizing út, mar ferliest dêrby har beurs. As se, nei in skoft doelleas omriden te hawwen, thús komt, treft se dêr har broer Michael, dy't troch syn frou Jennifer út 'e hûs set is en him danich bedronken hat, tegearre mei Jake, dy't nei syn abrupt ôfbrutsen tillefoantsje besletten hat om poalshichte te nimmen. Sarah is bliid om Jake te sjen, mar de stomdronken Michael bedjert de boel as er nei in tillefoantsje fan Jennifer wer thúskomme mei mar beslist net sels ride kin. Jake biedt oan om him te bringen en ferlit it hûs. Fuort letter stiet Bob Connor by Sarah op 'e stoepe, mei har ferlerne beurs. Hy beswart har dat der neat bard is tusken him en June. Om har dúdlik te meitsjen wat syn gefoelens binne, tutet er Sarah, krekt op it stuit dat Jake der wer yn komt nei Michael thúsbrocht te hawwen. Bob merkt dat er oer en tefolle is en set ôf. Jake beslút ek mar op hûs oan te gean, nettsjinsteande Sarah har besykjen om him safier te krijen dat er bliuwt. Hy seit dat er nei twa ôfspraakjes gjin inkele oanspraak op Sarah jilde litte kin en dat se dêrom dwaan kin wat se wol, mar hy is dúdlik ûntstimd.

Neitiid beslút Sarah de goerie fan Dolly oan te nimmen en skriuwt se har yn op ferskate oare datingsites. Dat liedt yn 'e folgjende wiken ta in stikmannich nije ôfspraakjes mei ûnbekenden, dy't soms rampsillich binne, mar dêr't se soms ek in protte wille mei hat. Se liede lykwols net ta ferfolchôfspraakjes. Uteinlik siket Sarah Bob Connor op, mei wa't se nei in ôfspraakje yn in hotel belânet en seksuele omgong hat. De oare moarns behannelet Bob har kâldwei en beseft se dat er allinne mar út wie op seks. It begjint har dan ek te daagjen dat er har foarliigd hat oer him en June. As se him dêrmei konfrontearret, jout er dat daliks ta en ferantwurdet er de leagen troch te sizzen dat er tocht dat er mei de wierheid gjin inkele kâns mear by har meitsje soe.

Sarah is djip teloarsteld en kwetst, en rekket deprimearre. In befreone homostel, dat har opfleurje wol, nimt har mei nei in skientmesalon dy't jûns let manikuere- en pedikuerebehannelings oanbiedt. Dêr sjocht se Jake út 'e bioskoop kommen, dat se stoarmet de saak út en hâldt him oan. Hy hat nei Doctor Zhivago west, dat syn leaflingsfilm blykt te wêzen. Sarah fynt dat ek in prachtige film en se begjint dêr in petear mei him oer ear't se foar it ferstân kriget dat de frou dy't by harren komt te stean, op in ôfspraakje mei Jake is. Sy hjit Sherry, en se fûn Doctor Zhivago fral hiel lang en saai. Sarah beseft dat se harsels wer yn ferlegenheid brocht hat, en naait út. Jake bringt Sherry thús, mar slacht dan har net bepaald subtile útnûging foar seks ôf.

Jake hat ûnderwilens einlings en te'n lêsten in keaper foar syn hânmakke roeiboat fûn, allinnich, dy man is fan doel om 'e boat yn 'e lingterjochting midstwa te seagjen, sadat er de helte as wandfersiering brûke kin. Earst woe Jake dêr neat fan witte, mar syn leafdesfertriet oer syn misrûne relaasje mei Sarah is sa slim dat it him ek allegear neat mear ferhippe kin. Hy lit Charlie, fia wa't er de keaper ken, in ôfspraak meitsje en nimt sels de boat mei nei in rivier yn 'e buert, sadat der dochs ien kear yn fearn is. Underweis, as er by in kofjehûs hohâldt, moetet er in âldere man dy't ek krekt in kop kofje keapet. Se meitsje in praatsje foar't se elts har eigen wei wer geane. Letter komt har heit Bill by Sarah del. As er in sitaat fan Jake oanhellet dat Sarah weromken, fertelt er har dat er in man mei in boat by it kofjehûs troffen hat.

Sarah beskôget dat tafal as in teken fan 'e foarsjennichheid en hastiget har nei Jake syn hûs, dêr't se Charlie treft, dy't har net fertelle wol wêr't Jake hinne gien is om't er fynt dat sy him al genôch knoeid hat. Wannear't Mother Theresa him de tosken sjen lit, betinkt er him lykwols en jout er Sarah oanwizings oer it plak op 'e rivier dêr't se Jake fine kin. As se dêr oankomt, kin Jake har lykwols net hearre om't er ûnder it farren earkes yn dien hat. Sarah bepraat in famkesroeiteam om har en Mother Theresa efter him oan te roeien. As se deunby binne, mar Jake har noch altyd net hearre kin, springe Sarah en Mother Theresa oerboard en swimme nei him ta. Nei't se by him oan board klommen binne, fertelt Sarah Jake wat se foar him fielt, wat liedt ta in ynmoedige tút.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Diane Lane.
 
John Cusack.
 
Dermot Mulroney.
haadrollen
personaazje      akteur/aktrise
Sarah Nolan Diane Lane
Jake Anderson John Cusack
Bob Connor Dermot Mulroney


byrollen
personaazje             akteur/aktrise
Carol Nolan Elizabeth Perkins
Dolly Stockard Channing
Bill Nolan Christopher Plummer
Leo Brad William Henke
David Colin Egglesfield
Christine Nolan Ali Hillis
Michael Nolan Glen Howerton
Eric Victor Webster
Charlie Ben Shenkman
June Julie Gonzalo
slachter Kirk Trutner
Sherry Jordana Spiro
Marc Michael Spound
Jason Will McCormack
Bill jr. Ted Griffin
muoike Eileen Marylouise Burke
Stanley Brad Hill
Austin Bobby Coleman
Molly Emma Prescott
Justin Jaden Sorensen
Jeremy Will Rothhaar
Walter Tony Bill
Marshall Patrick St. Esprit
Lennie Josh Stamberg
Peter Jon Lindstrom
manikuere Suzy Nakamura
dhr. Parseghian Krikor Satamian
frou Parseghian Anoush Nevart
Mother Theresa Molly en Mabel (hûnen)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Must Love Dogs waard regissearre troch Gary David Goldberg nei in senario fan himsels op basis fan 'e roman mei deselde namme fan Claire Cook út 2002. Goldberg begûn plannen te meitsjen foar in ferfilming sadree't er it boek lêzen hie. Hy wurke dêrby nau gear mei Cook, dy't er sels behelle yn 'e casting fan 'e akteurs. As produsinten wiene Goldberg sels, Jennifer Todd en Suzanne Todd by it projekt belutsen foar de filmstudio's Team Todd en Ubu Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Bailey, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Craig Armstrong.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Must Love Dogs waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 29 july 2005 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Sony Classical Records. Must Love Dogs waard op 20 desimber 2005 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Must Love Dogs oer it algemien negative resinsjes. Sa frege Stephen Holden him yn The New York Times ôf hoe't de leden fan 'e cast "harsels sa bedrage litten hawwe dat se harren talinten foar dit projekt ynset hawwe." Hy fûn de film fierders "hopeleas klisjeemjittich en efter de tiid". Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech Must Love Dogs 2 fan 4 stjerren. Hy skreau dat Diane Lane en John Cusack "twa fan 'e ynnimlikste akteurs yn 'e films [fan tsjintwurdich]" wiene, en dat se "personaazjes fertsjinje dy't troch de film serieuzer nommen wurde en dy't mear risiko's rinne". Yn it tydskrift Rolling Stone krige de film fan Peter Travers in positivere resinsje. Hy parte oan Must Love Dogs 3 fan 4 stjerren ta en hie lof foar de "oansprekkende aktearprestaasjes" fan Lane en Cusack.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Must Love Dogs in rom ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 150 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Nettsjinsteande goed wurk fan syn ynnimlike haadrolspilers is [dizze] romantyske komeedzje te foarsisber." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Must Love Dogs in goedkarringspersintaazje fan 46%, basearre op 36 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Must Love Dogs brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $43,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $14,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $58,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $28,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.