My Big Fat Supernatural Honeymoon

My Big Fat Supernatural Honeymoon is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redaktrise en skriuwster P.N. Elrod. De titel betsjut "Myn Grutte Fette Boppenatuerlike Houliksreis". It boek is yn beskate sin in ferfolch op 'e blomlêzing fan deselde redaktrise út 2006 dy't My Big Fat Supernatural Wedding hiet.

My Big Fat Supernatural Honeymoon
algemiene gegevens
auteur P.N. Elrod (red.)
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2007, New York
oarspr. útjwr. St. Martin's Griffin
kodearring
ISBN 978-0 31 23 75 041

My Big Fat Supernatural Honeymoon omfettet 9 koarte ferhalen fan it fantasysjenre dy't allegear wat mei in houliksreis te krijen hawwe. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Elrod sels en Jim Butcher. Alle ferhalen út My Big Fat Supernatural Honeymoon waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. My Big Fat Supernatural Honeymoon waard yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij St. Martin's Griffin.

Ferhalen bewurkje seksje

  1. Kelley Armstrong, Stalked (ûnderdiel fan Otherworld)
  2. Jim Butcher, Heorot (ûnderdiel fan The Dresden Files)
  3. Rachel Caine, Roman Holiday, or SPQ-arrrrrr (ûnderdiel fan Dead Man's Chest)
  4. P.N. Elrod, Her Mother's Daughter (ûnderdiel fan Vampire Files)
  5. Caitlin Kittredge, Newlydeads (ûnderdiel fan Black London)
  6. Marjorie M. Liu, Where the Heart Lives (ûnderdiel fan Dirk & Steele)
  7. Katie MacAlister, Cat Got Your Tongue? (ûnderdiel fan Dark One)
  8. Lilith Saintcrow, Half of Being Married
  9. Ronda Thompson, A Wulf in Groom's Clothing (ûnderdiel fan Wild Wulfs of London)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Elrod, P.N., (red.), My Big Fat Supernatural Honeymoon, New York, 2007 (St. Martin's Griffin), ISBN 978-0 31 23 75 041.