Myles Keogh (militêr)

Myles Keogh (folút: Myles Walter Keogh, útspr.: [ma:i̭lz 'wɔltəɹ kjoʊ], likernôch: "maailz û-òl-tr kjoo"; Leighlinbridge (Ierlân), 25 maart 1840 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Iersk-Amerikaansk militêr en hierling dy't focht yn 'e Pauslike Oarloch fan 1860, de Amerikaanske Boargeroarloch en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Under de Boargeroarloch wied er as kavalery-ofsier oan kop en earen ta behelle yn 'e krúsjale Slach by Gettysburg. Letter tsjinne er yn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder it kommando fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dêr't er yn 1876 omkaam yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn tsjin in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.

Myles Keogh
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Myles Walter Keogh
nasjonaliteit Britsk
Amerikaansk
berne 25 maart 1840
berteplak Leighlinbridge (Ierlân)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
tsjinsttiid 18601876
yn tsjinst fan Pauslike Steat (1860-1862)
Feriene Steaten (1862-1876)
legerûnderdiel lânmacht
Pauslike Leger (1860-62)
Am. Leger (1862-76)
heechste rang luitenant-kolonel (1865-66)
befel I Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Ekspedysje fan de Tûzen
Amerikaanske Boargeroarloch
Komantsjekampanje
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach by Castelfidardo
Twadde Slach by Bull Run
Slach by Antietam
Slach by Brandy Station
Slach by Gettysburg
Slach oan de Little Bighorn

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Keogh waard yn 1840 berne yn it plak Leighlinbridge, yn it greefskip Carlow, yn Ierlân, dat doe noch ta it Feriene Keninkryk hearde. Syn heit wie boer en ferboude krekt as de oare lju yn dy krite benammen koarn, sadat it gesin Keogh minder as de measte Ieren te lijen hie ûnder de Ierske Jirpelhongersneed dy't it lân tusken 1845 en 1850 trof. Likegoed beswieken yn dy snuorje twa of mooglik trije bruorren en susters fan Keogh oan tyfus, in sykte dy't faak mank giet mei hongersneed. Sels litte Keogh dêr as bern ek oan. Keogh genoat leger ûnderwiis oan 'e pleatslike skoalle yn Leithlinbridge, dêr't er ynskreaun wie ûnder de namme 'Miles Kehoe'. Yn 1852 ferliet er de legere skoalle om fierder te learen. Der is lang tocht dat er dat die oan it St. Patrick's Kolleezje yn Carlow, mar dêr hat men gjin bewiis fan syn oanwêzigens as learling fine kind. Mooglik dat er ynstee nei it St. Mary's Knockbeg Kolleezje ta gie.

Tsjinst yn it Pauslike Leger bewurkje seksje

Yn 1860, doe't de ûnderskate Italjaanske steaten ûnder lieding fan Cavour, Garibaldi en Fiktor Emmanuël II feriene waarden ta ien keninkryk, rôp paus Pius IX alle roomsen op om 'e Pauslike Steat te ferdigenjen. Mei mear as tûzen oare Ieren melde Keogh him doe oan om as frijwilliger tsjinst te nimmen yn it Pauslike Leger, by it rezjimint fan 'e Pauslike Soeaven. Yn augustus fan dat jier waard er oansteld as twadde luitenant yn it Bataljon fan Sint Patrick, ûnder it befel fan generaal Christophe Léon Louis Juchault de Lamoricière. Syn ienheid waard legere te Ancona, in sintraal leine havenstêd oan 'e Adriatyske kust.

Yn septimber fan 1860 waarden de Pauslike troepen ûnder de saneamde Ekspedysje fan de Tûzen troch de Italjanen ferslein yn 'e Slach by Castelfidardo, wêrnei't Ancona ûnder belis kaam. Hoewol't se har heldhaftich ferdigenen, wie it Pauslike garnizoen dêre al rillegau twongen ta oerjefte. Keogh waard mei alle oare Pauslike militêren kriichsfinzen nommen en ôffierd nei Genus. Nei't er by in kriichsfinzeneruil al gau wer frijkommen wie, gied er nei Rome ta, dêr't er útnûge waard om lid te wurden fan 'e Kompanjy fan Sint Patrick, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Fatikaanske Garde. Hy krige fan 'e Hillige Sit de Pro Petri Sede-medalje en it Krús fan 'e Oarder fan 'e Hillige Gregoarius útrikt foar moed yn 'e striid.

 
Myles Keogh yn 1872.

Tsjin 1861 wie de oarloch lykwols foarby. It nije Keninkryk Itaalje waard útroppen en anneksearre al it grûngebiet fan 'e Pauslike Steat útsein Latium, de krite om 'e stêd Rome sels hinne. As der net mear fochten hoegde te wurden, fûn Keogh dat it net folle sin hie en bleau yn Rome, dat hy begûn oars om te sjen. Yn it foarjier fan 1861 briek yn 'e Feriene Steaten de Amerikaanske Boargeroarloch út as gefolch fan it besykjen fan it Suden om him ôf te skieden ûnder de namme fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. John Hughes, de roomske aartsbiskop fan New York, reizge op fersyk fan 'e Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken William H. Seward nei Itaalje ta om feteranen út 'e Pauslike Oarloch te rekrutearjen foar de striid yn Amearika en fûn in gewillich ear by Keogh in grut tal fan syn maten. Sadwaande naam Keogh yn maart 1862 ûntslach út it Pauslike Leger en emigrearre er nei de Feriene Steaten.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch bewurkje seksje

Yn Amearika oankommen waard Keogh troch tuskenkomst fan minister Seward daliks de rang fan kaptein yn it Noardlike Leger taparte. Hy waard tafoege oan 'e stêf fan brigadegeneraal James Shields, dy't sels oarspronklik ek út Ierlân kaam. Yn 1862 wie Keogh ûnder befel fan Shields belutsen by de efterfolging fan it Konfederearre leger fan Stonewall Jackson troch de Shenandoah-delling fan Firginia, dy't kulminearre yn 'e Slach by Port Republic. Hoewol't Jackson oan 'e folsleine ferneatiging wist te ûntkommen troch stilwei troch it heuvellân fuort te glûpen, foel Keogh syn moedich hâlden en dragen op it slachfjild op by syn superieuren.

Neitiid fersocht de kommandant fan it Noardlike Leger fan de Potomac, generaal George B. McClellan, Shields om Keogh oan him ôf te stean, en sa bedarre Keogh doe yn 'e stêf fan 'Little Mac', sa't de bynamme fan 'e generaal wie, dy't it befel fierde oer it hiele eastlike front yn Firginia en Marylân. Hoewol't dy oanstelling mar in pear moanne duorre, mei't McClellan yn novimber 1862 út syn funksje ûntheft waard, focht Keogh yn 'e tuskentiid mei yn 'e Slach by Antietam, dêr't er op 'e nij grutte dapperens yn 'e striid toande. Yn novimber waard er oerpleatst nei de stêf fan 'e kavalerygeneraal John Buford, waans troepen ûnder it winterskoft fan 1862 op 1863 en ûnder de Slach by Fredericksburg yn reserve holden waarden.

 
Generaal John Buford (sittend) mei syn stêf; Keogh is de meast loftse steande man.

Yn april 1863 wie Keogh ûnder Buford belutsen by de saneamde Oerfal fan Stoneman, en op 9 juny focht er yn 'e grutte Slach by Brandy Station, wêrby't de Noardlike en Súdlike kavalery it tsjininoar opnamen. Neitiid botste Buford syn Amerikaanske 1e Kavalerydifyzje op 'e nij mei it Súdlike hynstefolk ûnder J.E.B. Stuart yn 'e Slach by Upperville. Op 30 juny arrivearre Buford mei syn troepen yn it strategysk leine stedsje Gettysburg, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, krekt ear't it opmarsjearjende Súdlike Leger fan Noardlik Firginia, ûnder generaal Robert E. Lee, dat berikke koe. Om't dúdlik wie dat it fan it heechste belang wie om it heger leine terrein om it stedsje hinne tsjin 'e Súdliken te behâlden, liet Buford syn kavalery ôfstiigje om as ynfantery te fjochtsjen en sa de tiid te winnen dy't nedich wie foar it Noardlike 1e Legerkorps fan generaal John F. Reynolds om it striidtoaniel te berikken. Dit wie it earste stadium fan 'e ferneamde, trije dagen duorjende Slach by Gettysburg, dy't de Boargeroarloch beslist hie as de Súdliken der wûn hiene. Yn dizze striid ûnderskate Keogh himsels op 'e nij en fertsjinne er in befoardering ta de rang fan majoar.

Nei Gettysburg rekke it mei de sûnens fan generaal Buford yn it neigean. Fiif moannen fan hast oanhâldende skermutselings mei de troepen fan J.E.B. Stuart en iepen fjildslaggen lykas by Funkstown en Williamsport makken dat syn swierrichheden allinne mar oanboazen. Tsjin 'e winter fan 1863 op 1864 soed er beswike oan plaktyfus, nei't Keogh him in hoart ferpleegd hie yn it hûs fan in freon fan Buford, generaal George Stoneman, yn Washington, D.C.

Neitiid waard Keogh oansteld as adjudant fan Stoneman. Mei him wie Keogh yn july 1864 yn it ramt fan 'e Atlanta-kampanje fan generaal William Tecumseh Sherman belutsen by in rige oerfallen efter de frontlinys, yn it suden en súdeasten fan 'e Konfederearre Steaten. It doel fan dy riskante operaasje wie sawol om 'e Súdlike spoarferbinings en yndustriële ynfrastruktuer te ferrinnewearjen, as om 'e 30.000 Noardlike kriichsfinzenen te befrijen dy't ûnder erbarmlike omstannichheden fêstholden waarden yn Kamp Sumter, in kriichsfinzenekamp by Andersonville, yn Georgia. Dêrby fochten Stoneman en Keogh û.m. de Slach by Dallas en de Slach by Kennesaw Mountain mei de Súdliken út. Hoewol't it sabotearjen fan it Súdlike spoar bêst slagge, rûn it mei it befrijen fan 'e kriichsfinzenen daliks op 'e non. Op 31 july 1864 waarden Stoneman en Keogh en harren troepen yn 'e Slach by Sunshine Church besingele en sels kriichsfinzen nommen. Keogh siet dêrnei twa en in heale moanne fêst, oant er troch de tuskenkomst generaal Sherman frijlitten waard. Neitiid waard er begjin 1865 befoardere ta luitenant-kolonel foar syn aksjes yn 'e Slach by Dallas.

 
Keogh (steand) yn 1864.

Nei-oarlochske tsjinst bewurkje seksje

Om't der troch de ôfslanking fan it Amerikaanske Leger yn fredestiid fiersten tefolle ofsieren wiene, waard Keogh nei de oarloch yn rang weromset fan luitenant-kolonel ta twadde luitenant. Yn dy hoedanichheid waard er op 4 maaie 1866 tafoege oan it Amerikaanske 4e Kavaleryrezjimint, mar ear't er ea in dei by dy ienheid tsjinne hie, waard er op 28 july befoardere ta kaptein en oerpleatst nei it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat legere wie yn Fort Riley, yn Kansas, ûnder befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer.

Yn Fort Riley mocht men oer it algemien graach oer de sympatike Keogh, hoewol't de isolaasje fan 'e stasjonearring oan 'e Amerikaanske frontier foar Keogh sels soms as in straf ûnderfûn waard. Hy liket syn soargen soms ferjage te hawwen mei drank, mar waard gjin proai fan it groanyske alkoholisme dat de karriêres fan in soad Amerikaanske ofsieren ferrinnewearre dy't yn it Wylde Westen legere wiene. Keogh troude nea, en sei oer himsels: "My grutte swakte is de leafde dy't ik fiel foar it tsjeppe geslacht, en sa'n bytsje al myn problemen komme dêrút fuort of kinne ta dy sjarmante boarne weromfolge wurde." Ek seid er dat er nea troud wie en dat der gjin hier op syn holle wie dy't dêrnei taalde. Yn syn besittings waard lykwols nei syn dea oan 'e Little Bighorn in foto fan Josephine Buel fûn, de sustter fan kaptein Thomas McDougall.

 
De ofsieren fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint mei Keogh sittend foaroan.

Keogh wie net oanwêzich doe't it 7e Kavaleryrezjimint yn 1868 it Bloedbad fan de Washita oanrjochte ûnder de Súdlike Sjajinnen, en hy wie likemin fan 'e partij by de Yellowstone Ekspedysje fan 1873, dêr't it rezjimint foar oerpleatst waard nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Fan 1866 oant 1867 hie Keogh wol it befel oer de ienheid dy't de Smoky Hill-rûte beskermje moast tsjin Yndiaanske oanfallen, en yn 1868 wied er yn detasjearre tsjinst ûnder brigadegeneraal Alfred Sully, en wied er as ûnderdiel fan 'e Komantsjekampanje suver eltse dei yn gefjocht mei Yndiaanske krigers. Yn ien fan dy gefjochten tsjin 'e Komantsjen (Comanche) rekke Keogh syn nije hynder, de letter ferneamd wurden Comanche, foar it earst ferwûne (wat foar Keogh oanlieding wie om him it bist dy namme te jaan).

Yn 'e simmer fan 1874 miste Keogh Custer syn kontroversjele Ekpsedysje nei de Black Hills om't er mei in ferlof fan sân moanne wie, sadat er syn susters yn Ierlân besykje koe, nei de dea fan harren beide âlden. Nei't er yn oktober 1874 weromkeard wie yn Fort Abraham Lincoln sleat er in libbensfersekering ter wearde fan $10.000 ôf en skreau er in testamint wêryn't er fêstlei dat er yn it gefal fan syn dea begroeven wurde woe yn Auburn, yn 'e steat New York, dêr't er goede freonen te wenjen hie.

Slach oan de Little Bighorn bewurkje seksje

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, wie Keogh befelhawwer fan I Kompanjy fan it 7e Kavaleryrezjimint, mei as ûnderbefelhawwer luitenant James Porter. Under de simmerkampanje fan 1876 ûntdieken de ferkenners fan it rezjimint op 25 juny in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn súdlik Montana. Custer sloech de rie fan syn ferkenners om net oan te fallen yn 'e wyn, en ferdielde syn troepen foar it kommende treffen, dat bekend komme soe te stean as de Slach oan de Little Bighorn, yn fjouwer dielen: trije kompanjyen ûnder majoar Marcus Reno soene it doarp út it suden wei oanfalle; trije kompanjyen ûnder kaptein Frederick Benteen soene nei it súdwesten ride om 'e ûntsnapping troch de Yndianen ôf te snijen; ien kompanjy soe yn reserve holden wurde en de bagaazjetrein fan it rezjimint beskermje; en de oare fiif kompanjyen soene ûnder lieding fan Custer sels omride om it doarp út it noarden wei oan te fallen.

 
Tillegram oangeande de dea fan Myles Keogh.

Custer syn fiif kompanjyen wiene C, E, F, I en L, en Keogh hearde sadwaande ta dat detasjemint. Om't der gjin oerlibbenen fan dy groep wiene en de tsjûgenissen fan 'e Lakota en Sjajinnen inoar tsjinsprieken, is net folslein dúdlik wat der dêrnei bard is. Wierskynlik besocht Custer by Minneconjou Ford de rivier de Little Bighorn oer te stekken om in wraam op it doarp te dwaan. De folle machtiger Yndianen wiene tsjin dy tiid lykwols klear foar him en dreaune him en syn mannen mei ferliezen werom de rivier oer. Yngraven oan 'e eastkant fan 'e rivier slagge net omdat de Amerikanen fan boppe-ôf, op 'e kliffen oan dy kant fan 'e rivier, ûnder fjoer nommen waarden. Wat begûn as in organisearre weromtocht, feroare troch de oanhâldende oanfallen fan 'e Yndianen al rillegau yn in gaoatyske flecht, wêrby't Custer likernôch twa en in heale kompanjy ferlear, oftewol de helte fan syn sterkte.

Argeologysk bewiismateriaal tsjut derop dat de manskippen fan I Kompanjy oars as dy fan 'e oare fjouwer kompanjyen net yn it wylde wei fuortflechten, mar sneuvelen op it plak dêr't se stiene. Hoewol't de oerlibbenen fan 'e oare kompanjyen letter op in heuveltop besingele en útrûge waarden yn in gefjocht dat Custer's Last Stand neamd wurdt, stoar Keogh yn in eigen last stand, tusken de rivier en de heuveltop yn. Doe't de Amerikanen nei de slach de mannen fan I Kompanjy fûnen, leine harren lichems, hoewol troch de Yndianen fan klean ûntdien en tatakele, yn in rûchwei sirkelfoarmige formaasje, mei middenyn in klútsje dat bestie út in stikmannich sljochtwei soldaten, twa sersjanten, de trompetter fan 'e kompanjy en de findeldrager, en hielendal yn 'e midden Keogh sels.

Ek Keogh wie útklaaid, mar net skeind, mooglik om't de Yndianen it sulveren laam Gods dat er oan in keatlinkje om syn hals droech as in machtich medisyn beskôgen, of mooglik om't in protte fan harren ta it roomsk-katolisisme bekeard wiene. Keogh syn mei bloed besmodzge legerwant en de guidon (it findel) fan syn kompanjy waarden troch it Amerikaanske Leger yn septimber 1876 weromwûn yn 'e Slach by Slim Buttes, tsjin 'e Lakota-krigers fan it opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere, wat suggerearret dat dy belutsen wie by de ûndergong fan I Kompanjy oan 'e Little Bighorn.

 
It tinkteken foar Keogh op it slachfjild oan 'e Little Bighorn.

Neisleep bewurkje seksje

Keogh syn lofterknibbel wie tebrizele troch in kûgelynslach dy't korrespondearre mei in wûne yn 'e flank fan syn hynder, Comanche, wat derop wiisd dat ruter en ryddier oarspronklik tegearre fallen wiene. It slim ferwûne bist waard neitiid op it slachfjild oantroffen troch de troepen fan generaal Terry, en kaam bekend te stean as de iennichste oerlibbene fan Custer syn fiif kompanjyen (hoewol't men oannimme mei dat ek oare hynders yn libben bleaun wiene, mar troch de Yndianen fongen en meinommen wiene). Nei de slach waard Comanche troch it 7e Kavaleryrezjimint oannommen as in soarte fan maskotte, en sels by in formele legerseremoanje beneamd ta "plakferfangend befelfierend ofsier" fan it rezjimint.

Keogh sels waard nei de slach provisoarysk op it slachfjild begroeven, mar in jier letter waard syn stoflik omskot oerbrocht nei Auburn, om dêr op 26 oktober 1877 werbegroeven te wurden op it Begraafplak fan Fort Hill, sa't er dat fêstlein hie yn syn testamint. Dy werbegraffenis wie dêr reden ta in offisjele pleatslike rouperioade en in ymposante militêre parade. Neitiid waard Fort Keogh, yn súdeastlik Montana, nei Keogh ferneamd; dat lei fuortby it hjoeddeiske Miles City, dat ferneamd is nei kolonel Nelson A. Miles, de earste kommandant fan it fort.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.