NPO Radio 6 wie in nasjonale radiostjoerder fan 'e Nederlânske Publike Omrop dat tusken 4 septimber 2006 en 1 jannewaris 2016 útstjoerde op it kabel-, satellyt-, DVB-T-, en DAB+-kanaal dat brûkt waard troch de Konsertstjoerder. De Konsertstjoerder is útstjoeren bleaun op in eigen kanaal.

NPO Radio 6
medium Radio
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
oprjochte 4 septimber 2006 (as Radio 6)
haadkertier n.f.t.
ûntfangstgeb. Nederlân
eigner Nederlânske Publike Omrop
webside n.f.t.

De studio fan NPO Radio 6 wie fêstige op 'e tredde etaazje fan it gebou De Peperbus op it Mediapark yn Hilfertsom. Dit is de eardere studio fan NPO 3FM. Op 1 jannewaris 2016 hat NPO Soul & Jazz it plak fan NPO Radio 6 ynnommen.