National Film Registry

(Trochferwiisd fan Nasjonaal Film Register)

It National Film Registry (Ingelsk foar "Nasjonaal Film Register"), of NFR, is it Amerikaanske filmargyf ûnder behear fan 'e National Film Preservation Board (NFPB). Dy organisaasje, dy't falt ûnder de Library of Congress, waard yn 1988 oprjochte troch it Amerikaanske Kongres, mei as doel om it fuortbestean te bewissigjen fan it kultureel erfgoed yn 'e Feriene Steaten op it mêd fan films. Yn 1996 waard de besibbe National Film Preservation Foundation (NFPF) stifte, dy't it wurk fan 'e NFPB ûnderstipet troch dêrfoar sponsors út 'e private sektor te sykjen. It National Film Registry is in wichtich ûnderdiel fan 'e NFPB, wêryn't elts jier oant 25 Amerikaanske "films fan kulturele, histoaryske of estetyske wearde" opnommen wurden.

National Film Registry
algemiene ynformaasje
ôfkoarting NFR
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. argyf
wurkmêd filmkonservearring
haadkertier Washington, D.C.
oprjochte 1988
oprjochter NFPB
offisjele webside
loc.gov/programs/national-film-preservation-board/film-registry

Nominearringsproses bewurkje seksje

De films dy't opnommen wurde yn it National Film Registry wurde nominearre troch it Amerikaanske publyk. Foar de earste seleksje, yn 1989, wiene hast 1.000 films nominearre. Dêrút waard troch leden fan 'e NFPB in list fan 25 film út gearstald, dêr't James H. Billington, de direkteur fan 'e Library of Congress, it lêste wurd oer hie. Sûnt 1997 kin it publyk elts jier oant 50 films nominearje foar opname yn it National Film Registry.

Films yn it NFR bewurkje seksje

De films fan it National Film Registry binne fan alderhanne soarte: langspylfilms, koarte films, live actionfilms, tekenfilms, stomme films, lûdsfilms, dokumintêres, ûnôfhinklike films, eksperimintele films, fideoklips (lykas dy fan it nûmer Thriller fan Michael Jackson), en sels nijsferslachjouwing (lykas de bylden fan 'e ramp mei de Hindenburg) en home movies (lykas de bekende Zapruderfilm fan 'e moard op John F. Kennedy). Anno 2018 omfiemet it National Film Registry 750 films. Foar in folsleine list, sjoch op dizze side op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.