Nasjonaal Kongres fan Amerikaanske Yndianen

It Nasjonaal Kongres fan Amerikaanske Yndianen (Ingelsk: National Congress of American Indians), gauris ôfkoarte ta NCAI, is in Amerikaanske minskerjochte-organisaasje dy't opkomt foar de rjochten fan Yndianen, Inûyt en Aleoeten yn 'e Feriene Steaten. De NCAI waard yn 1944 oprjochte, en it haadkertier is fêstige yn Washington, D.C. De organisaasje set him yn foar it behâld fan 'e lânseigen kultueren yn 'e Feriene Steaten, en kantet him oan tsjin oerheidsbelied dat rjochte is op 'e ôfskaffing of opheffing fan rjochten fan lânseigen befolkingsgroepen en harren assimilaasje troch de blanke Amerikaanske kultuer.

Nasjonaal Kongres fan
Amerikaanske Yndianen
National Congress of American Indians
algemiene ynformaasje
ôfkoarting NCAI
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. feriening
wurkmêd minskerjochten
haadkertier Washington, D.C.
oprjochte 1944
fuortk. út National Council of American
   Indians
offisjele webside
ncai.org

Skiednis bewurkje seksje

It Nasjonaal Kongres fan Amerikaanske Yndianen giet werom op 'e Nasjonale Rie fan Amerikaanske Yndianen (ek ôfkoarte ta NCAI), dy't fan 1926 oant 1938 bestie en rund waard troch de Yndiaanske aktiviste Zitkála-Ša. Nei har ferstjerren kwûn de NCAI fuort, oant de organisaasje yn 1944 fannijs oprjochte waarde troch in groep Yndiaanske manlju dy't oplaat wie oan 'e kostskoallen dêr't Yndiaanske bern doedestiden ûnder druk fan 'e Amerikaanske oerheid hinne stjoerd waarden, en dy't boppedat hast allegear wurke hiene foar it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA).

Fan it begjin ôf oan wiene yn it nije Nasjonaal Kongres fan Amerikaanske Yndianen in grut tal stammen fertsjintwurdige, en oan 'e twadde nasjonale konvinsje fan 'e organisaasje namen likefolle froulju as manlju diel. Op dy konvinsje waard ek besletten dat wurknimmers fan it BIA útsletten wurde moasten as leden fan it bestjoer fan it NCAI, om't der oars belangefertizing drige. De earste foarsitter fan 'e organisaasje wie Napoleon B. Johnson, in rjochter út Oklahoma. De earste siktaris-skathâlder wie Dan Madrano, in Keddo dy't ek in sit yn it Steatskongres fan Oklahoma hie. Fan 1945 oant 1955 wie Ruth Muskrat Bronson de útfierend siktaris fan it NCAI. Hja wie ûnder mear ferantwurdlik foar de oprjochting fan 'e parlemintêr-nijstsjinst fan 'e organisaasje.

Geandewei de twadde helte fan 'e tweintichste iuw droech it NCAI by oan it meitsjen fan oanpassings oan besteande en foarstelde wetjouwing, dy't yn it foardiel fan 'e lânseigen befolking wiene. Guon Yndianen fûnen de hâlding fan it NCAI lykwols fierstente slop, of hiene it idee dat it NCAI diel útmakke fan 'e politike fêstige oarder yn Washington, D.C. Dêrom rjochten se har eigen, radikalere organisaasjes op, lykas de Nasjonale Yndiaanske Jeugdried (NIYC) yn 1961 en de Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) yn 1968.

Doelen bewurkje seksje

De doelen fan it NCAI binne:

  • it ôftwingen fan it neilibjen troch de Amerikaanske oerheid fan alle rjochten dy't de lânseigen befolking hat ûnder de Amerikaanske Grûnwet en oare wetten;
  • it útwreidzjen en ferbetterjen fan 'e ûnderwiiskânsen foar de lânseigen befolking;
  • it ferbetterjen fan 'e kânsen op wurk foar de lânseigen befolking en it ûntwikkeljen fan mienskiplike helpboarnen en yndividuële talinten;
  • it útwreidzjen fan it tal en de kwaliteit fan 'e fasiliteiten op it mêd fan 'e sûnenssoarch dy't foar de lânseigen befolking beskikber binne;
  • it troch bemiddeling helpen om Yndiaanske oanspraken yn mienskiplike oerienstimming mei de Amerikaanske autoriteiten op te lossen;
  • it behâlden fan 'e eigen kultueren fan 'e lânseigen befolking.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.