Natoerbrêge Zanderij Crailoo

(Trochferwiisd fan Natoerbrêge Zanderij Crailo)

De Natoerbrêge Zanderij Crailoo is it grutste ekoduct op de wrâld (800 meter lang en 50 meter breed) yn it Goais Natoerreservaat.

Natoerbrêge Zanderij Crailoo
Natoerbrêge Zanderij Crailoo

De brêge is op 3 maaie 2006 iepene troch keninginne Beatrix. It projekt koste 14,7 miljoen euro en waard starten yn 2002. De brêge ferbynt it Spanderswâld en de Bussumerheide en giet oer Provinsjale wei 524, in spoarwei, in bedriuwenterrein (Railpro) en in sportpark. De brêge is net allinnich oanlein foar bisten, der rinne ek in fytspaad en in ruterpaad oerhinne. It ekoduct is ien fan de ferbinings yn it útfieringsprogramma 'Hiel de Heuvelrêch'. Dit hat as doel fan de streek fan de Utertse Heuvelrêch (fan Rhenen by de Nederryn oant Naarden oan de Goaimar) wer in oanienslutend gebiet te meitsjen.

Keppeling om utens bewurkje seksje