Natzweiler-Struthof

(Trochferwiisd fan Natzweiler)

Natzweiler-Struthof wie in konsintraasjekamp fan de nazi's yn de Twadde Wrâldkriich. It leit sa'n fyftich kilometer bûten Straatsburch by it plak Natzwiller (Dútsk: Natzweiler), op 800 meter hichte yn de Fogezen. It wie it iennige Dútske konsintraasjekam op Frânske boaium. De lokaasje wie troch Albert Speer keazen út reden fan de oanwêzigens op dat plak fan granyt dat nedich wie foar de bou fan de nije haadstêd Germania.

Yngong fan it kamp no, mei it monumint op de eftergrûn
Kontrast: De filla fan de kampkommandant, 200 m fan it kamp ôf

It kamp wie fan 21 maaie 1941 oant 23 novimber 1944 operasjoneel. Totaal waarden 40.000 minsken (út Frankryk, Nederlân, Poalen, Noarwegen, Dútslân en de Sovjet-Uny) fêstholden yn Natzweiler-Struthof. De finzenen moasten tige swier wurk dwaan. Mei troch in tekoart oan iten, tramtaasje en it hast ûntbrekken fan sanitêre foarsjennings foelen der in soad deaden. Minsken waarden ek yn de gaskeamer fan it kamp fermoarde en dan ferbârnd yn it krematoarium. Fierders binne der joaden en Sigeuners fermoarde om yn 'anatomysk materiaal' te foarsjen foar it wurk fan August Hirt fan de medyske fakulteit fan de Universiteit fan Straatsburch. 25.000 minsken stoaren foar it ein fan de oarloch. Yn septimber 1944 waard it kamp troch de SS evakuearre fanwegen tichterby kommende Alliearden. Op 23 novimber 1944 waard Natzweiler-Struthof offisjeel troch de Amearikanen befrijd.

Dit kamp wie lykas Groß-Rosen oanwiisd as Nacht und Nebel-kamp, dêr't minsken ferdwine moasten sûnder in spoar nei te litten. De famylje mocht net op de hichte brocht wurden fan it ferstjerren fan in finzene. Der hawwe likernôch 590 Nederlânske fersetsminsken mei útienrinnende politike eftergrûnen fêst sitten; der hawwe 280 fan de oarloch net oerlibbe.

Tal deaden yn Natzweiler

bewurkje seksje
Fan Oant Deaden
maaie 1941 maart 1942 61
april 1942 maaie 1943 750
juny 1943 maart 1944 700
april 1944 septimber 1944 2.000
oktober 1944 april 1945 14.000

Kampkommandanten

bewurkje seksje
 
Josef Kramer (1945)
Kampkommandant Perioade
Hans Hüttig april 1941 – maart 1942
Egon Zill maaie 1942 – septimber 1942
Josef Kramer oktober 1942 – april 1944
Friedrich Hartjenstein maaie 1944 – jannewaris 1945
Heinrich Schwarz febrewaris 1945 – april 1945

Berjochting nei de oarloch

bewurkje seksje

Fritz Hartjenstein stoar yn de finzenis, dat syn deastraf koe net útfierd wurde. De oare twa ta de dea feroardielden waarden op 11 oktober 1946 ophongen. Berjochte binne:

  1. Franz Berg: deastraf (eksekútearre)
  2. Kurt Geigling: 10 jier finzenis
  3. Fritz Hartjenstein (kommandant): deastraf (stoar foar it fonnis útfierd wurde koe)
  4. Josef Muth: 15 jier finzenis
  5. Peter Straub (Nazi): deastraf (eksekutearre)
  6. Magnus Wochner: 10 jier finzenis

Bekende finzenen

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje