Nederlânsk Filmfestival

It Nederlânsk Filmfestival (Nederlânsk: Nederlands Filmfestival), ôfkoarte ta NFF, is in filmfestival dat elts jier yn septimber en/of oktober holden wurdt yn 'e Nederlânske stêd Utert. It bestiet sûnt 1981 en stie foarhinne bekend ûnder de namme fan Nederlânske Filmdagen. It evenemint beslacht in breed oanbod fan films, mar dêrnjonken ek tillefyzjeprogramma's en ynteraktive produksjes. Op 'e edysje fan 2016 kamen mear as 150.000 besikers ôf. Op it Nederlânsk Filmfestival wurde de Gouden Keallen útrikt, dat de wichtichste Nederlânske prizen op it mêd fan film binne.

Nederlânsk Filmfestival
Nederlands Filmfestival
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Utert (provinsje)
plak Utert (stêd)
tiid fan it jier septimber/oktober
bysûnderheden
oare namme Nederlânske Filmdagen
ôfkoarting NFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1981 – no
oprjochter Jos Stelling
offisjele webside
www.filmfestival.nl

Skiednis bewurkje seksje

It Nederlânsk Filmfestival waard yn 1981 oprjochte troch de út Utert ôfkomstige regisseur Jos Stelling, dy't dêrby stipe waard troch inkele ynfloedrike persoanen út 'e Nederlânske filmyndustry: Wim Verstappen, Rob Houwer en Huub Bals. Oant en mei 1992 fûn it filmfestival plak ûnder de namme fan Nederlânske Filmdagen (Nederlânsk: Nederlandse Filmdagen), en pas mei yngong fan 'e edysje fan 1993 krige it syn hjoeddeistige namme.

Yn 'e begjinjierren wie it Nederlânsk Filmfestival fral in platfoarm foar ûnderlinge konkelderij binnen de Nederlânsk filmwrâld. Dat stadium ûntwoeks it lykwols fluch. Oarspronklik waard it festival holden yn Filmtheater 't Hoogt, mar dat wie al gau te lyts. Dêrop waarden Camera en City fan Wolff Bioscopen by it evenemint lutsen, letter folge troch Pathé Rembrandt Utrecht, it Louis Hartlooper Complex, de Stedsskouboarch, TivoliVredenburg, CineMec Leidsche Rijn en Kinepolis.

Oanbod bewurkje seksje

It Nederlânsk Filmfestival omfettet op it mêd fan film in breed oanbod, dat sawol lange as koarte films beslacht, sawol mainstream films as filmhûsfilms, en fierders ek tekenfilms en dokumintêres. Njonken films rjochtet it festival him, nettsjinsteande de namme, ek op twa oare 'pylders': tillefyzje en ynteraktyf. Under tillefyzje falle behalven tillefyzjesearjes ek dokumintêres dy't spesifyk foar útstjoering op 'e tillefyzje makke binne. Under ynteraktyf wurde fideospultsjes beflapt en alle projekten op it mêd fan interactive storytelling.

Njonken hûnderten filmfertoanings steane elts jier by it Nederlânsk Filmfestival ek oare eveneminten op it programma, wêrûnder diskusjegearkomsten, workshops, masterclasses en besletten konferinsjes. De organisaasje besiket foar jong en âld wat ynteressants te programmearjen. It Nederlânsk Filmfestival wol fierders sawol de filmyndustry betsjinje as it bredere publyk, en nij talint en studinten fan 'e filmakademy de kâns biede om oansluting by de filmwrâld te finen.

Prizen bewurkje seksje

Op it Nederlânsk Filmfestival wurde al sûnt de earste edysje fan it evenemint, yn 1981, de Gouden Keallen útrikt, de wichtichste Nederlânske prizen op it mêd fan film. Dêrnjonken fynt op it festival ek de útrikking plak fan ferskate oare prizen:

  • Priis fan it Foarum fan Regisseurs: in priis foar in film dy't de grinzen en mooglikheden fan 'e filmkeunst ferleit
  • Filmpriis fan de Stêd Utert: foar it bêste debút as regisseur
  • Tuschinski Award foar de bêste eineksamenproduksje fan in studint fan 'e filmakademy
  • Filmproducenten Nederland Award of FPN Award, in stimulearringspriis foar in jonge filmprodusint
  • Fentener van Vlissingen Fonds Award foar in opfallende prestaasje fan in lid fan in filmcrew
  • MovieZone NFF Award, útrikt troch in sjuery fan jongerein (15 oant en mei 18 jier)
  • Priis fan 'e Nederlânske Filmkrityk, útrikt foar de bêste film troch de Kring fan Nederlânske Filmsjoernalisten
  • 48 Hour Film Project Award, foar de bêste film makke binnen 48 oeren
  • The Pitch, priis foar it bêste idee foar in koarte film dat binnen in minút ûnder wurden brocht wurde moat
  • Louis Hartlooperpriis foar Bêste Filmpublikaasje, priis foar de skriuwer fan in publikaasje mei in stimulearjend effekt op 'e Nederlânske filmkultuer

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.