Nederlânske Brassband Kampioenskippen
De Nederlânske Brassband Kampioenskippen foarmje it wichtichste konkoers yn de Nederlânske brassbandwrâld. De kampioenskippen wurde holden sûnt 1981. Fryske brassbands binne altyd goed fertsjintwurdige en slagge foar bêst op, hoewol't de konkurrinsje út oare provinsjes dúdlik grutter wurden is as yn it begjin.
Skiednis
bewurkje seksjeInisjator fan de NBK wie it Kristlik bûn fan muzykferienings yn Fryslân mei goedkarring fan de Nederlânske Federaasje Kristlike Muzykbûnen (NFCM). Yn 1981 wiene it Nanne Hempel en Anne Anjema, twa Fryske brassbandfanaten dy't de earste NBK organisearren yn Surhústerfean. Dat wie in iepen kampioenskip dat letter erkend waard troch de oare lanlike muzykfederaasjes.
It jier dêrop waarden de NBK yn Ljouwert yn De Harmonie holden. De belangstelling wie goed mar neffens de organisaasje wie de opset noch net hielendal sa't dy wêze moast. It reglemint waard oanpast dêr't it gie om it tal punten en it tal difyzjes. Yn 1983 slagge it om erkenning te krijen by de fjouwer lanlike muzykfederaasjes en waarden de NBK yn Sutfen holden. Dat wie foar it earst ûnder de offisjele namme Nederlandse Brassband Kampioenschappen.
Letter binne de regleminten noch in pear kear oanpast. Benammen it ynfieren fan in 'bline' sjuery wie foar Nederlânske begripen revolúsjonêr. In bline sjuery sit efter in kleed sadat se net sjen kinne hokker band op it poadium sit. Dy feroaring waard troch de bands as in hiel goeden-ien beöardiele.
Tiid en plak
bewurkje seksjeYn de begjinjierren spilen alle bands in ferplicht en in frij wurk, de legere difyzjes oerdeis, de heechste difyzjes jûns. Sûnt 1990 wurdt allinnich noch in ferplicht wurk spile. Dat smiet gâns tiidwinst op.
Likegoed slagget it de lêste jierren - troch de enoarme belangstelling - net mear om de kampioenskippen op ien dei ôf te wurkjen en dêrom wurdt no al op freedtejûn út ein set mei de fjirde en tredde difyzje, wylst de twadde, earste en kampioensdifyzje op sneon oan bar komme.
De lêste jierren wurde de kampioenskippen holden yn Martiniplaza yn Grins om't De Hanzehof yn Sutfen te lyts waard.
Dielnimmen
bewurkje seksjeMeidwaan oan de NBK kin allinnich as in band by in provinsjaal konkoers in beskaat tal punten helle hat. Wurdt in band by de NBK twa kear op rij kampioen yn in beskate difyzje dan hat dat automatysk promoasje ta gefolch en sil de band it jier dêrop yn in hegere difyzje de striid oangean moatte.
De stikken dy't op de NBK spile wurde moatte binne gauris fantefoaren te hearren op saneamde try-out-konserten (proefkonserten).
Winners
bewurkje seksjeOars as by provinsjale konkoersen binne prizen by de NBK net keppele oan it tal punten dat in band krijt mar wurdt de band mei de measte punten kampioen, de band dy't dêrnei it heechste tal punten hat twadde, en sa fierder.
Winners kampioensdifyzje
bewurkje seksjeJier | Brassband | Plak | Dirigint |
---|---|---|---|
1981 | Soli Deo Gloria | Ljouwert | Jan de Haan |
1982 | De Wâldsang | Bûtenpost | Tsjeerd Brouwer |
1983 | Soli Deo Gloria | Ljouwert | Dirk Annema |
1984 | Soli Deo Gloria | Ljouwert | Jan de Haan |
1985 | Soli Deo Gloria | Ljouwert | Jan de Haan |
1986 | De Wâldsang | Bûtenpost | Bienze IJlstra |
1987 | De Wâldsang | Bûtenpost | Bienze IJlstra |
1988 | De Wâldsang | Bûtenpost | Bienze IJlstra |
1989 | De Wâldsang | Bûtenpost | Rieks van der Velde |
1990 | De Wâldsang | Bûtenpost | Rieks van der Velde |
1991 | Brassband Limburg | Stein | Maurice Hamers |
1992 | De Wâldsang | Bûtenpost | Rieks van der Velde |
1993 | Brassband Limburg | Stein | Maurice Hamers |
1994 | De Wâldsang | Bûtenpost | Rieks van der Velde |
1995 | De Bazuin | Oentsjerk | Klaas van der Woude |
1996 | De Bazuin | Oentsjerk | Klaas van der Woude |
1997 | De Wâldsang | Bûtenpost | Rieks van der Velde |
1998 | De Bazuin | Oentsjerk | Klaas van der Woude |
1999 | De Wâldsang | Bûtenpost | Rieks van der Velde |
2000 | De Bazuin | Oentsjerk | Klaas van der Woude |
2001 | De Bazuin | Oentsjerk | Klaas van der Woude |
2002 | Provinciale Brassband Groningen | Grinslân | Siemen Hoekstra |
2003 | De Wâldsang | Bûtenpost | Rieks van der Velde |
2004 | Rijnmond | Rotterdam | Erik Janssen |
2005 | Soli Brass | Ljouwert | Frans-Aert Burghgraef |
2006 | De Wâldsang | Bûtenpost | Rieks van der Velde |