Haadmenu iepenje

Nederlânske Feriening foar in Frijwillige Libbensein

De Nederlânske Feriening foar in Frijwillige Libbensein, oant 2006: Nederlânske Feriening foar Frijwillige Eutanasy (NVVE) is in Nederlânske feriening mei as primêre doelstelling it besprekber meitsjen fan eutanasy. De NVVE sprekt leaver fan in frijwillige libbensein, oaren sprekke fan assistearde libbensbeëiniging of selsdeading. Dêrby besiket men de dea-op-fersyk maatskiplik oanfeardber te meitsjen en ek rjochten en plichten op te nimmen yn de Nederlânske regeljouwing. De feriening stribbet nei erkenning as minskerjocht dat minsken kieze kinne foar in frijwillige libbensein en dêr help by krije kinne.

De NVVE waard op 23 febrewaris 1973 yn Finkegea oprjochte. Direkte oanlieding ta de oprjochting wie de saak Postma. De Fryske hûsarts Truus Postma waard troch it Iepenbier Ministearje foar it gerjocht dage omdat hja op 19 oktober 1971 har terminaal sike mem in deadlike doasis morfine tatsjinne hie. Hjirta wie hja komd omdat har memmes fersyk ta eutanasy meardere kearen ôfwiisd wie. Doarpelingen fan de frou begûnen in hântekeningeaksje dêr't de saak lanlike bekendheid troch krige. De rjochtssaak wie de earste grutte euthanasysaak yn Nederlân en starte de euthanasydiskusje yn Nederlân.
Hoewol't nei mear as 30 jier striden de NVVE in foarnaam doel berikt hat mei it op 1 april 2002 yn wurking treden fan de Wet toetsing libbenbeëiniging op fersyk en help by selsdeading, is der noch altyd in grutte rol weilein foar de organisaasje.

De feriening hat mear as 163.000 leden (2015), mei 28 meiwurkers op it kantoar yn Amsterdam en 145 frijwilligers yn it lân.

Keppeling om utensBewurkje