Neuwerk
Neuwerk | |
---|---|
Basis ynformaasje | |
Namme | Neuwerk |
Lân | Dútslân |
Eilannegroep | Waadeilannen |
Ynwenners | Likernôch 40 |
Oerflak | 3 km² |
Neuwerk is in Dútsk Waadeilân dat krekt foar de mûning fan de Elbe leit, sa’n trettjin kilometer foar de kust by Cuxhaven. It eilân hat in oerflak fan likernôch 3 kante kilometer en is 2,2 by 1,9 kilometer grut. It heechste punt fan Neuwerk leit sân meter boppe de seespegel. Der wenje sa’n fjirtich minsken op it eilân. Bestjoerskundich makket it eilân diel út fan de Dielsteat Hamburch. By leechwetter is it eilân rinnende en mei koetsen te berikken. Al sûnt 1929 hat it eilân har eigen brânwacht.
Skiednis
bewurkje seksjeIt eilân krige har namme troch de grutte ferdigeningstoer ‘das Neue Werk’. Mei de bou fan dizze toer is begûn om 1299 hinne, yn 1310 wie de toer klear foar gebrûk. Dizze toer baarnde yn 1367 ôf en waard yn 1369 wer opnij boud. It is it âldste gebou op it Hamburchsk grûngebiet. De toer wurdt fan 1814 ôf brûkt as fjoertoer. Foar dat de toer op it eilân boud wie waard it eilân ‘Nige Ö’ neamd.
Oant 1556 wie Neuwerk in hallig, mar yn dat jier waarden der diken om it eilân hinne boud sadat it eilân by heech wetter net mear oerstreamde.
Mei de Grut-Hamburchwet yn 1937 waard it eilân part fan Prusen. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam it eilân yn besit fan de dielsteat Nedersaksen. Yn 1967 waard dit alles werom set en waard it eilân, lykas it eilân Scharhörn wer grûnbesit fan Hamburg.
Hjoed de dei is it eilân, lykas in protte oare Waadeilannen ôfhinklik fan toeristen. Yn de simmermoannen komme likernôch 120.000 toeristen nei it eilân. Dizze minsken oernachtsje yn in jeugdherberch, fakânsjehúskes, ien fan de twa hotels of yn ien fan de trije pensjons.
Natuer
bewurkje seksjeTegearre mei Scharhörn en Nigehörn foarmet Neuwerk in fûgelbeskermingsgebiet. It eastlik part fan it eilân heart ta it Nasjonaal Park Hamburgische Wattenmeer. Der wurdt foar soarge dat op dit part fan it eilân sa min mooglik minsklike aktiviteiten barre.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Neuwerk fan Wikimedia Commons. |