Nicolaas Hessel (Nico) Rienks (Tiel, 1 febrewaris 1962) is in earder Nederlânsk roeier.

Nico Rienks
sporter
Nico Rienks (1988)
Nico Rienks (1988)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicolaas Hessel Rienks
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 1 febrewaris 1962
berteplak Tiel
lingte 1,96 m
gewicht 96 kg
sportive ynformaasje
sport Roeien
ûnderdiel Skif,
Dûbbeldtwa,
Dûbeldfjouwer.
Acht
O.S. Los Angeles,
Seoel,
Barcelona,
Atlanta,
Sydney
debút 1981
karriêre-ein 2000
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 1988, 1996
1x brûns Olympyske Spullen 1992
1x goud Wrâldkampioenskip 1991
3x sulver Wrâldkampioenskip 1989, 1994, 1995

Karriêre bewurkje seksje

Rienks die fiif kear mei oan de Olympyske Spullen. Hy wûn twa kear olympysk goud yn Seoel 1988 yn de dûbbeldtwa, en yn Atlanta 1996 yn de manlju's acht, by de Olympyske Spullen fan 1992 yn Barcelona wûn er in brûns yn de dûbbeldtwa.

Nico Rienks waard yn 1991 yn Wenen wrâldkampioen yn de dûbbeldtwa, en wûn trije kear sulver yn 1989 yn de dûbbeldtwa en yn 1994 en 1995 mei de manlju's acht.

Yn 2005 wie Rienks ien fan de fiif earste sporters dy't eare waarden mei de Fanny-Blankers-Koen-Troffee, in oeuvrepriis bedoeld foar sporters mei bûtengewoane fertsjinsten foar de Nederlânske sport.

Priveelibben bewurkje seksje

Rienks is fysiolooch en hat in eigen bedriuw. Rienks is boaske mei roeister Harriet van Ettekoven, it pear hat twa soannen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikipedy:NL