De Nije Bloksleat is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint yn polder De Foarútgong súdwestlik fan de Ursulapoel earst nei it súdwesten en letter mei in knik nei it noardwesten. De feart rint dan njonken de wei fierder nei de Dyksfeart.

De namme Nije Bloksleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Bloksloot.