Nijfinnestate

(Trochferwiisd fan Nijfennestate)

Nijfinnestate of Nijfennestate wie in state yn Sint Jabik yn de gemeente It Bilt. Der binne gjin ôfbylden fan it hûs bewarre bleaun, it terrein is no in kavel bou tusken greidlânperselen.

De state waard nei 1721 boud. Nijefinne ûnder Sint Jabik wie ien fan de pear lienen dy't der yn Fryslân wiene. Yn 1502 waard Doecke Hemmema fan Berltsum der mei beliend troch Georg en Heinrich fan Saksen.

Neidat de famylje Hemmema yn 1721 útstjert, komt it lien oan de famylje Du Tour. Se binne neisieten fan in suster fan de lêste Hemmema. Dy famylje erft net alle besittings, want de Hemmemastate yn Berltsum komt net yn harren besit. Dêrom beslút de famylje Du Tour in nije State op Nijefinne te bouwen. Opdracht foar it bouwen fan dit nije hûs wurdt jûn troch kolonel David Constantijn Baron du Tour (1713-1785).

Lang hat it hûs der net stien, want yn de Frânske tiid wurde dielen fan it lien ferkocht en nei de dea fan de lêste besitter, Cornelis Baron du Tour fan Bellinchave (1764), yn 1850, wurdt it restant ek ferkocht. De state is letter ôfbrutsen.

De State lei noard fan Berltsum en besuden de Blikfeart.

Bewenners bewurkje seksje

  • 1721 famylje Du Tour
  • David Constantijn Baron du Tour
  • - 1850 Marc Cornelis Baron du Tour fan Bellinchave

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: