Nijwierster Opfeart

De Nijwierster Opfeart is in feart yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De feart rint fan de Nijhústerpiip yn de Fennewei nei it easten en letter mei in knik nei it noardeasten nei Nijewier.

In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol 'skipsleat, skipfeart' of 'brânsleat' neamd.

Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.

De Fryske namme 'Nijwierster Opfeart' jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele Nederlânsktalige namme Niawiersteropvaart.

Sjoch ek bewurkje seksje