Nikolo-Pesjnosjki kleaster

It Nikolo-Pesjnosjki kleaster (Russysk: Николо-Пешношский монастырь) is in otterdoksk kleaster yn de delsetting Lûgovoj (Dmitrovski rajon) yn it noarden fan de oblast Moskou yn Ruslân. It is ien fan de âldste noch besteande kleasters yn de oblast en it waard yn 1361 stifte troch de hillige muonts Methodius († 1392), in learling fan Sergius fan Radonezj.

Nikolo-Pesjnosjky kleaster

Николо-Пешношский монастырь

bouwurk
loftfoto fan it kompleks
loftfoto fan it kompleks
lokaasje
lân Ruslân
Oblast Moskou (oblast)
Rajon Dmitrovski-rajon
plak Loegovoj
koördinaten 56° 27' N 37° 13' E
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Stifting 1391
Hjoeddeiske gebouwen fan lettere tiid
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 5010070000
offisjele webside
Side fan it kleaster

Skiednis bewurkje seksje

Methodius wie ien fan de earste learlingen fan de hillige Sergius fan Radonezj, dy't noch altiten as ien fan de meast fereare hilligen yn Ruslân fereare wurdt. Methodius hie keazen foar it paad fan in hearremyt en fûn foar himsels in plak om yn ôfsûndering te libjen, dêr't in rivierke yn de Jachroma útmûne op sa'n 25 werst fan Dmitrov. Sergius fan Radonezj kaam regelmjittich by syn learling op besite en al gau rekke krige de muonts yn de omkriten bekendheid. Oaren, dy't ek it monastike libben sochten, begûnen har yn de buert fan Methodius te fêstigjen en yn 1391 waard Methodius de hegumen fan it nije kleaster. Hy ferstoar twa jier letter yn 1393.

 
Oersicht fan it kleaster yn de restauraasjetiid (2012)

Yn de 16e iuw waard it kleaster ryk en begûn it de houten gebouwen te ferfangen troch stiennen gebouwen. Lokale prinsen en ek tsaar Ivan IV begeunstigen it kleaster en droegen sa fierder by oan de ûntjouwing it kleaster. Yn 1584 waard it kleaster troffen troch in grutte brân, sa't de measten kleastergebouwen ôfbaarnden. Sânentweintich jier letter, yn de ûnrêstige tiid yn Ruslân, waard it kleaster op 'e nij troffen troch in ramp doe't, nettsjinsteande fûl ferset, Poalske troepen it kleaster ynnamen en plonderen.

Doe't Peter I yn 1700 in boattocht makke fan de Wolga nei Moskou en oer de rivieren de Doebna, de Sestra en de Jachroma sile brocht de tsaar ek in besite oan it kleaster. By dy gelegenheid klage de abt by de tsaar dat it lokale bestjoer en de boeren harren net in soad oanlutsen fan it kleaster, itjinge in ûnferwachts oardiel ta gefolch hie. Om it kleaster te beskermjen tsjin ûnrjocht liet Peter I it kleaster per dekreet ûnder de jurisdiksje fan it folle grutter en machtiger Trije-ienheid-kleaster falle. Der waard in nije, oer it grêf fan Methodius oan Sergius fan Radonezj wijde, tsjerke boud en it kleaster krige nije tuorren en in wei, mar it ferlies fan de selsstannigens hie benammen fan ôf 1750 it gefolch dat it kleaster stadichoan yn it neigean rekke. It tal bewenners sakke en yn 1761 wiene der noch mar seis muontsen yn it hiele kleaster. De sekularisaasje fan 1764 brocht de deastek en it kleaster waard sletten. Lykwols, noch gjin twa jier letter waard it kleaster tanksij it krewearjen fan in pear keaplju en de lânhear al wer iepene en it kleaster makke op 'e nij in grutte bloei troch.

In nije ramp foar it kleaster drige yn 1812, doe't de troepen fan Napoleon it kleaster aaklik tichteby kamen. It kleaster waard foar in part ûntromme en weardefolle saken waarden gaueftich yn feiligens brocht, mar de lokaasje fan it kleaster yn de moerassen soarge der foar dat de Frânsen it kleaster net benei doarsten te kommen en it mei rêst lieten.

Nei de revolúsje bewurkje seksje

De grutste ramp yn de hiele skiednis fan it monastike libben fan it Nikolo-Pesjnosjki kleaster fûn plak yn de 20e iuw. Nei de revolúsje fan 1917 waarden in tal kleastergebouwen oerdroegen oan it Skiedkundich Museum fan Dmitrov. Yn 1927 (of 1928) folge de opheffing fan it kleaster, de tsjerken waarden fersegele en de weardefolle saken yn beslach nommen en ferkocht. It kleaster mocht gjin museum bliuwe en de gebouwen kamen yn hannen fan in organisaasje foar beheinde minsken.

It kleaster hie ek in soad te lijen yn 1941, doe't der net fier fan it eardere kleaster fochten waard en de gebouwen troch besjittings en bombardeminten fierder skansearren.

Mar it slimst foar de arsjitektuer fan de gebouwen barde yn de jierren 1960, doe't it kompleks troch in psycho-neurologysk ynternaat oernommen waard. Al yn 1975 wiene der útstellen om it ynternaat wer te ferhûzjen nei in oar plak, mar it soe noch desinnia lang yn de kleastermuorren bliuwe. Yn de jierren 1960-1970 fûnen der ek foar it earst wer wat restauraasjes fan inkelde ferfallen gebouwen plak.

 
Fan lofts nei rjochts de katedraal, de Sergiustsjerke en de Epifanytsjerke ûnder restauraasje yn 2007

Revival fan it kleaster bewurkje seksje

Mei it werom jaan fan it kleaster oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke sette in echte revival fan it kleaster útein. Yn 2007 waard troch de Hillige Synoade it beslút nommen om it kleaster wer te iepenjen. De Tsjerke begûn de gebouwen wer te renovearjen en op 17 juny 2008 waard de Sergius fan Radonezjtsjerke as earste konsekrearre.

Yn desimber 2013 wie de nijbou foar it ynternaat foltôge en ferliet it ynstitút lang om let it kleasterterrein. Nei de restauraasje waard op 24 augustus 2014 it hiele gebiet fan it kleastererrein mei in feestlike tsjinst wer yn gebrûk nommen. In grut tal gasten en pylgers wennen de plechtichheid by.

Tsjerken bewurkje seksje

 
In tsjinst yn 2007 yn it ramt fan de weriepening fan it kleaster yn de noch net restaurearre Sergiustsjerke

Op it terrein binne seis tsjerken [1]:

Katedraal fan de hillige Nikolaas bewurkje seksje

De Niklaaskatedraal waard tsjin it ein fan de 15e en it begjin fan de 16e iuw boud. Yn de jierren 1680 waard der in feranda om hinne boud en krige de tsjerke in dak mei fiif koepels. Yn de jierren 1920 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst; yn de jierren 1964-1965 folge in restauraasje fan de tsjerke yn de foarmen fan de 16e iuw. Yn de tiid doe't it ynternaat gebrûk makke fan it kleasterterrein waard de tsjerke brûkt as ytseal. Nei de weromjefte waard de tsjerke waard en yn 2011 op 'e nij ynwijd.

Sergiustsjerke bewurkje seksje

De Sergiustsjerke datearret fan 1732 en waard op it plak fan in foargonger oer it grêf fan de muonts Methodius boud. Oant de jierren 1980 tsjinne de tsjerke as stookromte.

Demetriustsjerke bewurkje seksje

De Tsjerke fan Demetrius is in ienkoepelich gebou yn Empirestyl en waard boud tusken 1811 en 1829. Yn de jierren 1920 waard de tsjerke sletten en brûkt foar húsfêsting. De tsjerke is restaurearre en op 8 augustus 2014 wer ynwijd.

Epifanytsjerke bewurkje seksje

De Epifany- of Trijekeningentsjerke stamt út it begjin fan de 16e iuw en is op de earste ferdjipping fan de achthoekige klokketoer ûnderbrocht. Yn de jierren 1960 waard de toer renovearre en yn 2007 fûn nochris in renovaasje plak en waard de tsjerke op 'e nij ynrjochte foar de earetsjinst.

Transfiguraasjetsjerke bewurkje seksje

Underdiel fan de westlike fersterking fan it kleaster foarmet de Transfiguraasjesjerke. De tsjerke is yn 1689 boppe de poarte boud. Yn de Sovjet-tiid waard de tsjerke bewenne, mar yn 2012 folge in restauraasje.

Presintaasjetsjerke bewurkje seksje

De Tsjerke fan de Presintaasje fan de Hear of Sretenskytsjerke stamt oarspronklik út de earste helte fan de 16e iuw, mar waard yn de jierren 1812-1815 op 'e nij opboud.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Николо-Пешношский монастырь