Njoggeneagen en sibben

De njoggeneagen en sibben (Latynske namme: Petromyzontida of Hyperoartia) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de boppeklasse fan 'e kaakleaze fisken (Agnatha). Yn dizze groep wurdt it skift fan 'e njoggeneagen (Petromyzontiformes) gearbrocht mei ferskate besibbe fossile skaaien, te witten: Endeiolepis, Euphanerops en Jamoytius.

Njoggeneagen en sibben
In riviernjoggeneach (Lampetra fluviatilis).
In riviernjoggeneach (Lampetra fluviatilis).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
boppeklasse: kaakleaze fisken (Agnatha)
(sûnder rang): rûnmûnigen (Cyclostomata)
klasse: njoggeneagen en sibben (Petromyzontida)

Dizze taksonomyske yndieling is omstriden. Party paleontologen pleatse de neamde fossile kaakleaze fisken noch yn 'e klasse Anaspida fan 'e skaalhûdigen (Ostracodermi), al wurdt dat wat langer wat mear beskôge as in keunstmjittige yndieling op grûn fan foarâlderlike skaaimerken. De yndieling fan 'e njoggeneagen en sibben mei de slymnjoggeneagen (Myxini) by de rûnmûnigen (Cyclostomata) is lykwols ek twifelich, mei't guon saakkundigen úthâlde dat de slymnjoggeneagen in folle primitivere foarm fan fisken fertsjintwurdigje. Resint DNA-ûndersyk liket de bân tusken de njoggeneagen en sibben en de slymnjoggeneagen lykwols te befêstigjen.

Taksonomy bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.