De Lofsang fan Simeön

(Trochferwiisd fan Nunc Dimittis)

De Lofsang fan Simeön, yn it oarspronklike Latyn: Nunc Dimittis ("No Lit Hinnegean"), is in hymne dy't neffens it Evangeelje fan Lukas (2:29-32) de wize Simeön útsprutsen hawwe soe doe't er de poppe Jezus mei dy syn âldelju yn 'e Timpel fan Jeruzalim mette. Dizze tekst is ek opnommen yn it apokrife bibelboek Oaden. Neffens Lukas soe dizze Simeön fan 'e Hillige Geast it ûnthjit krigen hawwe dat er net stjerre soe foar't er de messias sjoen hie. No't dy foarsizzing yn ferfolling gien is, kin er rêstich stjerre (hinnegean). De Lofsang fan Simeön waard yn 2003 troch Klaas Bruinsma yn berime foarm oerset yn it Frysk.

De Lofsang fan Simeön
algemiene gegevens
oarspr. titel Nunc Dimittis
auteur anonimus
taal Latyn, Aldgryksk
foarm liet
sjenre hymne
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Lofsang fan Simeön
publikaasje 2003, yn Geandewei
oersetter Klaas Bruinsma

De tekst fan De Lofsang fan Simeön yn ûnberime foarm is sa (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978):

No jouwe Jo, Hear, jo tsjinner it frij
Om nei jo tasizzing yn frede hinne te gean
Myn eagen hawwe no ommers de ferlossing sjoen
Dy't Jo taret hawwe foar it each fan alle folken
In ljocht om de heidens it paad te wizen
En in gloarje foar Jo folk Israel

Fryske oersetting

bewurkje seksje

It Nunc Dimittis is yn 2003 yn beriming oerbrocht nei it Frysk troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertaling waard publisearre yn it tsjerkebledsje Geandewei, yn it nûmer fan 10 jannewaris 2003.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anonimus, De Lofsang fan Simeön (oers. Klaas Bruinsma), yn: Geandewei, 2003, 10 jannewaris (by Tresoar opfreechber ûnder: knipselmap Bruinsma, Klaas).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.