Haadmenu iepenje

Nynke Heeg (Kûbaard, 14 maaie 1976) is in Frysk aktrise, muzikante en toanielregisseur. Se stiet benammen op 'e planken, mar hat ek wurke as tillefyzje-, film- en stimaktrise. Heeg hat jierrenlang ferbûn west oan it Fryske toanielselskip Tryater.

Nynke Heeg
Filmklapper.png akteur
Nynke Heeg.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nynke Heeg
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 14 maaie 1976
berteplak Kûbaard (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
Flag of Indonesia.svg Yndonezysk
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
www.nynkeheeg.nl

Libben en karriêreBewurkje

Jonkheid en opliedingBewurkje

Heeg waard yn 1976 berne yn it Fryske doarp Kûbaard, yn 'e Greidhoeke, dêr't hja opgroeide as boeredochter. Nei de basisskoalle yn Kûbaard besocht te hawwen, gie se fan 1990 oant 1995 nei de HAFU yn Boalsert, oan 'e Roomsk-Katolike Skoallemienskip Titus Brandsma. Yn 'e wykeinen learde Heeg yn dy snuorje de basis fan it aktearfak oan 'e Jeugdteäterskoalle Miuw yn Ljouwert. Nei slagge te wêzen foar de HAFU die se earst in propedeuse dosint drama yn Ljouwert, en folge se dêrnei in oplieding oan 'e Fontys Hegeskoalle foar de Keunsten yn Eindhoven, dêr't se yn 1999 ôfstudearre.

KarriêreBewurkje

As aktrise hie Heeg neitiid yn 't earstoan fral in soad gastrollen, û.m. by it Frysktalige toanielselskip Tryater, dêr't se fan 2008 oant 2012 in fêst kontrakt krige. By Tryater fertolke se rollen yn sa'n tritich stikken, wêrûnder Geweld... Nee, Walther P5 en Federico García Lorca's Yerma. Yn 2011 wie se te sjen as Lady Macbeth yn Nynke Laverman har Fryske oersetting fan it klassike toanielstik Macbeth, fan William Shakespeare, en yn 2012 hie se de rol fan Helena yn Omke Wanja, fan Anton Tsjechov.

Fierders hie Heeg yn 2006 in gastrol yn in ôflevering fan 'e Frysktalige dramasearje Dankert en Dankert, en ek regisearre se in stikmannich kluchten foar it Frysk Kritetoaniel. Hja hat in soad ûnderfining yn it jeugdteäter, û.m. mei it stik De Astronaute en de Stjer (2007). Fierders is se aktyf as treningsaktrise foar û.m. plysje-opliedings en yn 'e soarchsektor. Yn 2017 spile Heeg yn it stik Wat Jo Wolle, fan Tryater, ûnder rezjy fan Tatiana Pratley.

Yn 2018 wie Heeg fierders foar de oandachtige tasjogger werom te kennen as figurante yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, oer de achtste-iuwske Fryske kening mei deselde namme. Fierders wie se dat jiers te sjen yn in lytse rol yn 'e dramasearje Het Geheime Dagboek van Hendrik Groen, dy't útstjoerd waard op Omrop MAX, en ek wie se belutsen by de foarstelling Wereldburgers van de Voorstreek, regissearre troch Ira Judkovskaja yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. Mids septimber 2018 waard bekend dat Heeg in haadrol krige yn it stik Een Tijdelijk Verblijf, oer skiednis fan 'e Molukkers yn Nederlân. Hja wie dêrfoar útkeazen fanwegen har Yndonezysk komôf,[1] en krige as tsjinspiler Roger Goudsmit, dy't sels in bytsje Moluksk bloed hat. It Nederlânsktalige stik waard opfierd yn Appingedam, Heechtsjerk en Boppesmilde.

Heeg hat ek wurke as stimaktrise, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Njonken har aktearwurk wie Heeg foarhinne toetseniste foar Lemon!, in semy-profesjonele band. En teffens hat se wol les jûn yn aktearjen en Frysk. Om taalles jaan te meien, folge se yn 2015 in oplieding oan 'e NHL.

PriveelibbenBewurkje

Heeg húsmanne foarhinne yn Grins, mar anno 2018 wennet se wer yn Fryslân.[1] Har hobbys binne fierders hynsteriden en motorriden.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Hoofdrol Nynke Heeg in stuk over Molukkers, yn: de Ljouwerter Krante, 13 septimber 2018, s. 35.