Kirov (oblast)

(Trochferwiisd fan Oblast Kirov)

De oblast Kirov (Russysk: Кировская область, Kirovskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn de Russyske Federaasje. Haadstêd fan de oblast is de stêd mei deselde namme: Kirov.

Kirov oblast

Кировская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Wolga-Vjatka
haadplak Tûla
grutste plak Tûla
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (90,8 %), Tataren (2,9 %)
Mari (2,6%)
Udmoerten (1,2 %)
(stân: 2002)
sifers
ynwennertal 1.234.780 (2022)
oerflak 120.374 km²
befolkingstichtens 10,26 ynw. / km²
oar
stifting 7 Desimber 1934
tiidsône UTC +3
koördinaten 58° 36' N 49° 39' E
webside www.ako.kirov.ru

De oblast hat in goede ynfrastruktuer, it hat in lofthaven foar ynlânske flechten en it leit oan it Transsibearyske Spoarline.

Skiednis bewurkje seksje

Nei't de krite yn 1489 by it Grutfoarstedom Moskou foege waard wie it foar it foarstendom de springplankte nei it Oeralgebiet. It gebiet foarme op ferskillende tiden ûnderdiel fan oare gûverneminten, oant it yn 1796 it selsstannige gûvernemint Vjatka waard. Yn de Sovjet-tiid waard it gûvernemint opheft en by de kraj Nizjni Novgorod yndield.

De tsjintwurdige oblast ûnstie op 7 desimber 1934 troch it ferdielen fan it eardere kraj Nizjni Novgorod, dat yn 1932 omneamd wie ta kraj Gorki. De nij kraj waard ferneamd nei de fermoarde Sovjet-lieder Sergej Kirov en ek de haadstêd Vjatka waard omdoopt ta Kirov. Yn desimber Kirov waard de kraj Kirov feroare yn de oblast Kirov.

Geografy bewurkje seksje

 
Lânskip mei in koloanje blaustirnzen oan de wei fan Kirov nei Kotelnitsj

De bosken wurde foaral foarme troch nuddelbeammen. It gebiet is ryk oan turfôfsettings en net-metaalhâldende mineralen lykas kalkstien, sân en grint.

De oblast hat sa'n 20.000 rivieren en streamkes mei in totale lingte fan 66.650 km. It grutste diel fan de oblast wurdt troch it streamgebiet fan de Vjatka ynnommen, dy't útmûnet yn de Kama yn Tatarstan. Oare grutte rivieren binne de Moloma, Pizjma, Lûza, Kobra en Tsjeptsa.

It tal marren fan de oblast is likernôch 4.500. De grutste binne de Aksjûben- (85 ha), Orlofskoje- (63 ha) en Mûserskoje-mar (32 ha). De djipste mar is de Lezjninskoje-mar mei in maksimale djipte fan 36,6 m. Bysûnder is de Sjaitan-mar yn it Oerzjûmski rajon mei syn driuwende eilannen mei beammen.

De noardlike helte fan de oblast is ryk oan sompen. It oerflak fan it Verchnekamski-rajon bestiet bygelyks foar 40% út sompen.

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Befolking 2.209.000 2.284.000 1.886.000 1.727.000 1.662.000 1.693.000 1.503.500 1.234.780

Bestjoersyndieling en stêden bewurkje seksje

 
Kirov, regearingsgebou fan de oblast

De oblast Kirov is ferdield yn 39 rajons, 5 stêden (Kirov (oant 1934: Vjatka), Kirovo-Tsjepetsk, Vjatskije Poljani, Slobodskoi, Kotelnitsj) en ien sletten plak (Pervomaiski).

Grutste plakken
Namme Russyske namme Wapen Ynwennertal (2022) Lokaasje
Kirov Киров   523.543 58° 36' N 49° 41' E
Kirovo-Tsjepetsk Кирово-Чепецк   68.588 58° 33' N 50° 01' E
Vjatskije Poljany Вятские Поляны   31.488 56° 13' N 51° 04' E
Slobodskoi Слободской   31.465 58° 43' N 50° 10' E
Kotelnitsj Котельнич   22.508 58° 18' N 48° 20' E
Omûtninsk Омутнинск   21.431 58° 40' N 52° 11' E

Ekonomy bewurkje seksje

De masjinebou, metaalferwurking en de hout- en papieryndustry leverje in wichtige bydrage oan de ekonomy fan de oblast.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Кировская область


 
Dielgebieten fan Ruslân

 

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne