Oebele Stellingwerf

Oebele Stellingwerf (Tsjom, 24 septimber 1848 - Ljouwert, 29 jannewaris 1897) wie in Frysk sjoernalist en politikus.

Oebele Stellingwerf

Nei in oplieding foar ûnderwizer en inkele jierren praktyk waard Oebele yn 1870 blyn. Mei Waling Dykstra stie er oan it haad fan it Frysk Folksblêd (1876-1899). Dit blêd ûntwikkele him fan liberaal nei sosjalistyske rjochting. Yn 1880 komt er yn Ljouwert te wenjen en wurdt dêr in sintrale figuer by ale aksjes foar sosjale gerjochtichheid: de striid foar algemien stim- en kiesrjocht, gehielûnthâlding, antimilitêrisme, lânnasjonalisaasje en letter ek it sosjalisme. Syn frou Geertruida steunt him yn syn krewearjen foar in brede folksbeweging. Tusken 1887 en 1891 ûntstiet dan ek de Fryske Folkspartij dêr't romte is foar linksen en rjochtsen. Stellingwerf lei de klam op it ferbinende en pleite foar it Frysk-eigene. De gedachte oan 'soevereiniteit yn eigen fermidden' spile tige by him. Foar de gedachte fan de trochbrek hat er bestjutting. Yn wêzen religieus, ferset er him tsjin alle dogmatisme.

Hy hat in soad dien foar it Fryske toaniel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Stellingwerf, Oebele .
  • J.J.Kalma - Oebele Stellingwerf (1940)