In oefener is in Protestantske lekefoargonger dy't by ien thús, yn in tsjerke of in skuorre preket (‘oefent’) foar in groep leauwigen, mar bûten de reguliere tsjerke om. Sy binne der al salang at de grifformearde (herfoarme) tsjerke bestiet.

In oefener hat syn godtsjinstige kennis opdien troch selsstúdzje; hy hat gjin offisjele teologyske oplieding hân. Toch heeft hij bij zijn gehoor gezag; hy is net ‘godgeleard’, mar hat wol ‘fan God leard’, dat wol sizze: hy hat ûnderfining mei de omgong mei God, hy hat dat djip field. De skiednis fan it protestantisme ken tûzenen fan dizze lekeprekers neist dûmnys. Faak wisten se troch harren ienfâldige komôf, persoanlik charisma, direkte wize fan sprekken en waarme befynlikens it hert fan de harkers te reitsjen en stienen hja tichter by it tsjerkefolk as de dûmnys. Guon fan oefeners dy't skriftlike ‘oefeningen’ neilitten hawwe, sa as Justus Vermeer (1696-1745) en Theodorus Avinck, wurde noch wol lêzen yn befynlik grifformearde fermiddens.

Yn Fryslân bewurkje seksje

Oefeners wiene fan belang tsjin 1700 (labadisten) en yn de 18e iuw (Gerben Fennema). Hja fersetten har ûnder oaren tsjin de psalmberiming fan 1775. In protte hearden ta de rûnten fan 'earnstigen' of 'finen'. It wienen foarrinners fan de Ofskieding fan 1834.

Fierder lêze bewurkje seksje

  • A. Bel, Predikanten en oefenaars. Biografisch woordenboek van de kleine kerkgeschiedenis, fiif dielen (Houten 1988-1999)
  • F.A. van Lieburg, Kleine professoren, halve dominees, fijne dokters. Oefenaars op de pastorale markt in de vroegmoderne tijd, yn: Documentatieblad Nadere Reformatie 22 (1998), 1-25

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.K. Karels, út: G. Harinck e.a. (red.), Christelijke Encyclopedie (Kampen 2005)]

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Oefenaars.