Oerlis:Feandam

Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

Soe hjir net better 'Feandaam' foar brûkt wurde moatte? Kneppelfreed (oerlis) 14 feb 2019, 00.27 (CET)Beäntwurdzje

@Kneppelfreed: Aha, it pinehollenammedossier wer. Taalkundig hawwe jo gelyk fansels Kneppelsma, but wy hawwe ek gjin Amsterdaam en Rotterdaam om't it gjin ynboargere nammen binne. Al as net ynboargere en al as net ferfrjemdzjend wurkjend is de mjitstêf. Ik bin hast safier dat ik Veendam de bêste fyn. Groetnis Drewes (oerlis) 14 feb 2019, 18.14 (CET)Beäntwurdzje
@Drewes:. Dan soe "Veendam" yndie better wêze, want "Feandam" liket my mar healslachtich. Ik soe sizze dat "Feandaam" yn dit gefal ek wol kin, dêr't it ferfryskjen fan bgl "Amsterdam" of "Rotterdam" dreger is. It wie lykwols myn bedoeling net om jo pine yn 'e holle te jaan ;). Kneppelfreed (oerlis) 14 feb 2019, 19.57 (CET)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed en Drewes: Ik fyn 'Feandam' de bêste oplossing. Sa't Drewes seit soe it taalkundich yndie '-daam' wêze moatte, mar sa wurdt it yn it Frysk yn plaknammen nea útsprutsen. Mar it is foar my gjin halssaak, dat as jimme der wat oars fan meitsje wolle, dan jou ik my dêr ûnder del. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 feb 2019, 21.38 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk en Drewes: Dan litte wy it gewoan sa as it is. Ik wol der fierder ek gjin drokte om meitsje. Kneppelfreed (oerlis) 14 feb 2019, 21.58 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk en Kneppelfreed: Yn boppesteande soe 'yn 't Frysk' feroare wurde moatte yn 'troch Friezen dy't der mar wat yn omgrieme', mar lit fierders mar gewurde. Drewes (oerlis) 14 feb 2019, 22.25 (CET)Beäntwurdzje
@Drewes en Kneppelfreed: Ik hie fansels: "yn 'e Fryske sprektaal" skriuwe moatten. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 feb 2019, 22.30 (CET)Beäntwurdzje

Moarn, @Ieneach fan 'e Esk en Drewes:. Ik ha de side mar even oanfold, want ik fûn it begrutlik om it te wiskjen. Ik tocht der oer om de keppeling nei oare talen te feroarjen fan nei bygelyks de Nederlânske side fan "Veendam (gemeente)". Ik wit net hoe't ik dat foarinoar krije moat. Wit immen fan jim dat ek? Kneppelfreed (oerlis) 15 feb 2019, 08.02 (CET)Beäntwurdzje

@Kneppelfreed: Ja, hear. Gewoan even nei de Wikidata-side gean (klik op "Wikidata-item" yn 'e fertikale sydbalke oan 'e lofterkant fan it skerm), dêr it Wikipedy-lemma (= "fy") losmeitsje fan 'e Wikipedia-list troch op "edit" te klikken en dan by "fy" op it ikoantsje fan it jiskefet. Dan yn it sykfinster it lemma fan 'e gemeente Feandam opsykje ("Veendam" mei as omskriuwing "municipality in the Netherlands"), dêrhinne gean, dan yn 'e Wikipedia-list dêre wer op "edit" klikke, nei ûnderen ta scrolle, dan ûnderoan de list yn it lege fakje "wiki" de taalkoade fan ús Wikipedy ynfolje (fy), en dan yn it fakje "page" de namme fan 'e side, dus yn dit gefal "Feandam". En befêstigje mei te klikken op "publish". (As der wat mis giet, kinne jo ek klikke op "cancel" = annulearje.) Ik soe it yn prinsipe sels flugger dwaan kinnenn hawwe as dat ik it hjir útlein haw, mar miskien is it sinfoller dat jo it sels even in kear dogge, dan witte jo foar in oare kear hoe't it moat. Ik hoopje dat de útlis dúdlik genôch is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 feb 2019, 16.12 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk:, tige tanke dêrfoar. It is slagge. Kneppelfreed (oerlis) 16 feb 2019, 05.28 (CET)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed: Ik sjoch it. Hartstikkene moai. En graach dien. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 feb 2019, 15.55 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Feandam".