Oerlis:Fedde Schurer

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Fersetsman Ja of Nee

Fersetsman Ja of Nee bewurkje seksje

Meidogger:Hurkonides hat no al twa kear de kategoryen Frysk en Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch op dizze side wiske. Ik bin it dêr net mei iens en haw dy weromset. Hurkonides syn kommentaar by de twadde kear dat er dy edit trochfierde, wie: "Fedde Schurer hat gjin rol spile yn it ferset. Wat Fryslân oangiet, dêr wenne er net en wat Amsterdam oangiet ek net. Dat is dúdlik te lêzen yn 'e biografy fan Johanneke Liemburg. At we al dizze minsken mar ta fersetsstrider bombardearje, hâldt dat begryp neat mear yn." Dêr lis ik it folgjende tsjinyn.

Om earst it argumint mar te behanneljen dat Schurer net yn Fryslân wenne en "dus" gjin Frysk fersetsman wêze koe: in Fries om utens is noch altyd in Fries. As sa'nent yn Amsterdam wennet en dêr fersetsman is, is er neffens my fansels noch altyd in Frysk fersetsman. Yn myn optyk is soks net beheind ta aktiviteiten binnen de provinsjegrinzen fan Fryslân.

Dan oer de fraach oft Schurer in fersetsman wie. Ik wit net wat der yn it boek fan Liemburg stiet; dat haw ik net lêzen. Ik wit wol wat der yn Schurer syn autobiografy De Besleine Spegel stiet; dy haw ik wol lêzen. Wat Schurer dêr skriuwt, haw ik yn dit artikel koart gearfet as "Under de Twadde Wrâldoarloch wied er belutsen by it Nederlânsk ferset yn Amsterdam, en waard syn wente brûkt as in tydlik skûlplak foar ûnderdûkers, foar't dy de stêd út en nei feiliger oarden ta brocht wurde koene." Ik haw gjin reden om op dit stik oan 'e oprjochtens fan Schurer te twifeljen en ik nim oan dat Liemburg yn har boek eat fan gelikense strekking opnommen hat of oars soe it al hiel apart wêze.

Wêr't wy fan miening ferskille, is dus wat in fersetsman is. Ik wit net wat Hurkonides ûnder "fersetsman" ferstiet, mar op basis fan syn reäksje krij ik it idee dat yn syn optyk (ferbetterje my mar as it mis haw) inkeld lju dy't wapene fersetsdieden dien hawwe, ta it ferset rekkene wurde kinne. Dan soe in pasifist dus nea fersetsman wêze kinne en dêr bin ik it folslein mei ûniens. Schurer hie direkte en mannichfâldige kontakten mei oare fersetsleden, dy't lju by him brochten dy't troch de nazys socht waarden. Hy bea sokken ûnderdak oant se de stêd útsmokkele wurde koene. Yn 'e praktyk kin men dus sizze dat Schurer foar it Amsterdamske ferset in safehouse runde. Dat is hiel wat oars as wannear't je inkeld ien of twa ûnderdûkers yn 'e hûs hawwe en mar komselden kontakt mei it ferset hawwe (hoewol't dat fansels ek al gefaarlik genôch wie). Ik sjoch net yn hoe't je Schurer syn dieden net as fersetswurk kwalifisearje kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 nov 2021, 23.45 (CET)Beäntwurdzje

P.S.: Ik haw it stik yn De Besleine Spegel der nochris op neilêzen, en mei boppesteande gearfetting bin ik mooglik wat koart troch de bocht gien. Schurer die blykber mear as allinne mar sochte lju opfange, hy brocht se ek op oare ûnderdûkadressen: "Mar mei dy jonge, dy deserteur, pakte it hielendal ferkeard út. Wy moasten him fan it iene adres nei it oare bringe, en oeral briek er de kasten iepen om iten te stellen [...]" (s. 130). Op side 131 fertelt Schurer dat hy en syn maat Geert Winkel sels yn bestân stiene om dy deserteur om te bringen om't se net wisten wat se oars mei him oan moasten, en dat Schurer dêr in nacht wekker fan lei. De oare moarns bliek de deserteur him by tsjuster op 'e dyk bejûn te hawwen en oppakt te wêzen troch de Grûne Polizei. Om't Schurer-en-dy harren identiteiten en de ûnderdûkadressen soarchfâldich foar him geheim holden hiene, koed er aldergeloks nimmen ferriede. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 nov 2021, 23.45 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Fedde Schurer".