Oerlis:Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers (foarbyldtekst)

Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

@Drewes: Tsja Drewes... Wat moatte we hjir mei? De Fryske Wikipedy is net bedoeld foar artikels yn it Stedsk. Ik begryp dat dizze meidogger graach yn syn memmetaal skriuwe wol, mar de Wikipedy is dêr net it platfoarm foar. Ik fyn dat dizze side oerset wurde moat yn it Frysk. Dan kinne we de oarspronklike tekst miskien behâlde as in 'priuwke' fan it Frjentsjertersk, sa't we dat ek fan it Biltsk hawwe (sjoch Bildts). Mar as der mear Stedsktalige stikken fan dizze meidogger komme, fyn ik dat we him derop oansprekke moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 des 2017, 00.26 (CET)Beäntwurdzje

@Ieneach fan 'e Esk: Ik ha der oer neitocht en bin it mei jo iens. Wy hawwe in Frysktalige Wikipedy en stedsk kin net as dialekt fan it Frysk beskôge wurde. Drewes (oerlis) 27 des 2017, 17.35 (CET)Beäntwurdzje
@Drewes: Ik sil ris sjen oft mei dizze man te praten falt. Mar dat doch ik net oer de e-mail, sa't hy wol. Hy kin gewoan lykas alle meidoggers op syn oerlisside oerlizze. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 des 2017, 17.38 (CET)Beäntwurdzje
Ik probear in jimme beskriveing ôfbeeldingen fan stikkers te plaatsen. Se wurde weigerd as ferdòcht. Wat kin ik ut bêste doën?
@Waalbers: Ik begryp net hoe't in plaatsje fertocht wêze kin. Probearje jo se wol fan jo eigen kompjûter ôf te uploaden? Of probearje jo in link nei in oare webside te lizzen, want dan haw ik ek wolris hân dat der wat efter it spamfilter fan Wikipedia stykjen bliuwt. As dat sa is, kinne jo dy plaatsjes fan stickers it bêste even nei jo eigen kompjûter downloade en dan hjir wer uploade sa't jo dat ek mei dy ôfbylding fan it wurk oan it Franeker Woardeboek dien hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 des 2017, 16.42 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers (foarbyldtekst)".