Oerlis:In Wrâldreis yn Tachtich Dagen

Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

@Ieneach fan 'e Esk: It plaatsje yn de ynfoboks lit dúdlik sjen dat de haadletters yn de titel net moatte. Ik ferwiis jo ek nei de regels oer haadlettergebrûk yn titels by Taalweb Frysk Drewes (oerlis) 27 feb 2019, 19.16 (CET)Beäntwurdzje

Dizze útjouwer docht it sa, oaren dogge it oars. It is in stylfiguer. Ik haw der ek foar keazen om 'Tachtich' út te skriuwen wylst it op it boek mei sifers stiet. Dat is ek in stylfiguer. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 feb 2019, 20.24 (CET)Beäntwurdzje
In soad wurdearring ha'k foar alle goede wurk dat jo hjir út de wei wei sette, mar boppesteande opfetting past net yn in ensyklopedy. Wikipedy is in ensyklopedy dy't drûge, saaie feiten jout. Dy feiten hearre boppedat basearre te wêzen op boarnen. De lêzer mei der op betrouwe dat wat der skreaun is ek op feiten basearre is. Dat is tagelyk de krêft en it fûnemint fan it mienskipsprojekt Wikipedy. Stylfigueren hearre dan ek net yn in ensyklopedy. Stylfigueren binne ommers persoanlik, in skriuwer wol mei in stylfiguer ommers in bepaald effekt berikke. Mar soks giet foarby oan de boarnen dy 't altyd liedend hearre te wêzen by it sa neutraal en objektyf mooglik beskriuwen fan ensyklopedyske feiten. 28 feb 2019, 08.19 (CET)
Tsja, dat bin ik dus gewoan net mei jo iens. De ynhâld fan in ensyklopedy moat feiten jaan, jawis, en neutraal wêze, beslist, mar hoecht net altyd droech te wêzen. Der mei bgl. ek bêst ris in grappige anekdoate tusken sitte as dy ta de saak docht, lykas by in biografy. Wat stylfigueren oangiet, dy meitsje gewoan ûnderdiel út fan 'e taal. Dus sûnder stylfigueren soene wy hielendal gjin ensyklopedy skriuwe kinne. Los dêrfan fyn ik dat soks past yn it belied fan 'e Fryske Wikipedy om 'e meidoggers safolle mooglik frij te litten yn harren wurk. Meidoggers meie sels witte hoe't se in artikel foarmjouwe en de ynhâld ûnder wurden bringe. Ik sjoch gjin inkele reden om meidoggers op dit mêd fan boppe-ôf regels op te lizzen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 feb 2019, 18.57 (CET)Beäntwurdzje
@Frou Watzema en Ieneach fan 'e Esk: Ik bin it mei Frou Watzema iens. In ensyklopedyskriuwer makket gjin belletry. Dat der sûnder stylfigueren gjin ensyklopedy makke wurde kinne soe 'slacht as in tange op in baarch', roait igge noch seame. Jawis, fanâlds wurde meidoggers oan de Wikipedy safolle as kin frijlitten, wy moatte hjir gjin 'Hollânske tastannen' hawwe wolle, mar offisjele 'gesachhawwende boarnen' moatte respektearre wurde. Drewes (oerlis) 1 mrt 2019, 21.22 (CET)Beäntwurdzje
Mei belletry hawwe stylfigueren yn myn optyk net folle te krijen. In opsomming is bygelyks in stylfiguer, en hoe't je in opsomming meitsje is ek in stylfiguer. Je kinne der bgl. foar kieze om in opsomming efterinoar oan te skriuwen mei komma's of puntkomma's, of ûnderinoar mei bullets, of ûnderinoar mei sifers. In litotes (befêstiging fan it bedoelde troch ûntkenning fan it tsjinstelde) is in stylfiguer, dus je kinne skriuwe "hy wie dêr min oer te sprekken" of "dat wurdt gauris dien", mar je kinne der ek foar kieze om datselde mei in litotes wer te jaan: "hy wie dêr net bêst oer te sprekken" of "dat wurdt net selden dien". En in argaïsme is ek in stylfiguer, en dêr tilt it hjir yn 'e Wikipedy fan op. Je kinne skriuwe "Twadde Wrâldoarloch", mar je kinne der ek foar kieze om in argaïsme te brûken en skriuwe "Twadde Wrâldkriich". Dat binne allegear dingen dy't de meidoggers sels witte moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 mrt 2019, 18.29 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "In Wrâldreis yn Tachtich Dagen".