Oerlis:Limburchsk

Lêste reäksje: 14 jier lyn troch Kening Aldgilles

Sa, ik koe dat net litte. Sorry, mar no sitte jimme mei in artikel oer it Limburchsk dat langer is as dat oer it Frysk! Moat ik miskien der wat ôfhelje? No moat ik fansels eigentlik hielendal niks op de Fryske Wikipedy skriuwe, salang't myn kennis oer de taal dat net talit, mar dat kin ik no ienkear net litte. Of hie ik dat al seid?

P.S. As yn dit artikel relatyf minder flaters steane as yn Hylpen begjin ik fan'e jûn noch mei de Sealterske Wikipedy. WanabeFrysk 17.16, 23 apr 2005 (UTC)

No, sukses mei de Sealterske Wikipedy dan, soe ik sizze.
Dat dizze side langer is as Frysk is gjin probleem: By de taal fan de Wikipedy hawwe wy no ien kear gjin ferlet fan foarbylden. (Koe fansels al, om dialektferskillen sjen te litten.) Mar hawwe jo yn stee fan it Heechliet faaks ek foarbylden dy't hannelje oer de taal sels. Dat is wat wy by oare talen ek dien hawwe, en ik liket mei eins wol aardich dat sa te hâlden. Aliter 19.24, 23 apr 2005 (UTC)
O, dat had ik echt net sjoen...Wolle jo dat ik der noch foar soargje? Ik bin eigenlik fertroud mei de tradysje bibelske teksten op te nimmen. Faak is dat de oanfang fan it Skeppingsferhaal, of de "Verloren Zoon" (sûnt Winkler syn boek). WanabeFrysk 19.30, 23 apr 2005 (UTC)
En 't soe ek spitich wêze dat moaie Heechliet troch droege ynformaasje oer de taal te ferfangen. Sil ik it dan as kommentaar (ik bedoel <!-- --> opnimme?WanabeFrysk 23.03, 23 apr 2005 (UTC)
Och, droech hoecht it net te wêzen. Sjoch bygelyks it moaie foarbyld "Werom at de Bilkerts gyn Frys prate." fan it Biltsk. At jo wat aardichs fine kinne, dan soenen jo it foarbyld feroarje kinne, mar wy dogge dit kollektyf: it is net sa dat it oars moat allinnich om't ik talen oer harrensels moaiere foarbylden fyn. It ienige argumint is faaks dat it wat objektiver is. Aliter 00.45, 25 apr 2005 (UTC)
Dat is wis in moai foarbyld. Ik sil noch ris sjen, mar ik tink wol dat ik dy tekst dan sels skriuwe moat. Allinnich: wêrom soe in foarbild objektyf wêze moatte? 't Is in sitaat en hat dochs sels gjin ensyklopedyske doelen? Mar oars as by it Biltsk hat it Limburchsk in Wikipedia en in side oer de taal sels hat it ek, sjoch derfoar de interwiki. WanabeFrysk 11.04, 27 apr 2005 (UTC)
By twyvel, nim in ekstremere sitewaasje: Hokfoar reaksje krige de Wikipedy at it foarbyld foar Dútsk de ynlieding fan "Mein Kampf" wêze soe? - Al hoecht in foarbyld op himsels gjin ynformaasje te jaan, it jout al in boadskip. Tink ek oan produktpleatsen: op himsels seit it neat as lju yn in Fryske tillevysjesearje graach sûkerbôle ite, mar it hat al ynfloed op de omset fan sûkerbôle. (Dat ik dit foarbyld jou kin foar in lêzer al genôch wêze om ris sûkerbôle te keapjen.) As in foarbyld oer de taal wat kleurt is, dan is de krekte ynformaasje tichtby. Mar foar oare foarbylden is dat net sa, dat dêr soe objektivens al jilde moatte. Aliter 15.48, 27 apr 2005 (UTC)
Ik ha jit mei de obektiviteit fan it artikel te set west. Ik sjoch dat der yn it ferline aardich wat yn omgriemd is. Oare Wikipedia's hawwe deselde diskusje mei it artikel Limburchsk hân. Lykwols ha ik my as behearder oan de Wikipedia foarskriften te hâlden. --Kening Aldgilles 30 jan 2010, 09.35 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Limburchsk".