Better wapen bewurkje seksje

B.: dúdliker wapen fan Commons - Oplade?

Om my al. Ik haw leaver in nij Pl-wapen.png as in Poalske namme yn in Fryske wikipedy. Mar dat betsjut fansels al dat wy it betrouen yn Commons as mienskiplik plak fan ús ôfbylden opsizze. Aliter 00.24, 21 okt 2005 (UTC)
Om my hoecht it net. Wy hawwe hjir krekt lyn ek al wat oerlis oer hawn. Ik tink dat de commons oer alle wikipedies wol sjoen wurd as it plak om ôfbylden op te slaan en wei te heljen. Ik tink net dat it ferstannich is om dêr hjir oars oer te tinken. Foaral sjoen nei de opslach rûmte dy't al dy kopieën innimme is eins skande fan de rûmte en dus de sinten. It probleam fan de lokale nammen / en beskriuwende tekst is in saak dy neffens my wol in de software oplost wurde kin en moat. Mar ik haw ek wol it idee dat dit noch net bot as in probleam sjoen wurdt op de commons.Theun 19.24, 23 okt 2005 (UTC)
Ik wit wat it doel wie fan Commons, en wat it no is, mar dat betsjut noch net dat it ek goed funksjonearret. It is fansels sa dat dat mei de programmatuer oplost wurde kin, mar it hie ek daalk goed dien wurde kinnen, dat skynber sjogge de programmeurs it oars. Dan koenen wy de problemen dêrmei mar nimme en hoopje dat it ea goed komme sil, om foar te kommen dat wy te folle romte ynnimme soenen. Mar foar in lyts Wikipedytsje as de Fryske is dát net sa'n grut probleem, dat neffens my hoecht dat gjin reden te wêzen om ôfbylden net sels op te nimmen. Aliter 01.51, 26 okt 2005 (UTC)

Wy hawwe hjir alris earder west by in oare list: Ik hie Berjocht:EU ferfongen troch in omskriuwing fan de gearwurkingsferbannen dêr't Poalen by heart. Dat hie ik dien om't it gjin ynformaasje oer Poalen is dat Syprus lid is fan de Jeropeeske Uny. Dat, dit berjocht seit op dizze side net mear as "Poalen heart by de JU." Om't dat no ek yn de tekst stiet, hoege wy dêr net in grutte balke om ta te foegejen. Aliter 00.24, 21 okt 2005 (UTC)

It is a standard Wikipedia method to add both the upper division (in this case EU), and the lower division (polish provinces) as templates to a political division article. For instance on an article about Friesland one would add two templates. One with the divisions of the Netherlands, and one with the divisions of Friesland. This way every single division is the world can be connected by 2 simple templates under every division article. The added info is for people who want to know what groups poland belongs to and who want to click to another member of the EU easily. Sincerely, Taketa (talk) 14 maaie 2014, 17.52 (CEST)

Warschau of Warsjou(pakt)?Theun 19.54, 23 okt 2005 (UTC)

Warszawa. - Mar dy Poalske stavering past foar ús net sa. Dat jildt dan fansels ek foar de Dútske stavering. Mar faaks wie Warsjau better, om't yn it Poask ek gjin 'o' brûkt wurdt.. Aliter 01.51, 26 okt 2005 (UTC)
Werom nei de side "Poalen".