Oerlis:Teäter

(Trochferwiisd fan Oerlis:Teater)
Lêste reäksje: 7 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

De staveringshifker freget om dy trema, is it ek in idee om Pier te freegjen soks yntegraal troch te fieren? Yn 'e Wâlden (oerlis) 16 feb 2017, 12.18 (CET)Beäntwurdzje

It kin wêze dat de staveringshifker dat ferget, mar it wurdt net faak sa skreaun. Is der in oare boarne? Mysha (oerlis)

It trema is bedoeld om útspraakbetizing foar te kommen. Yn it gefal fan "teater" bestiet der wól kâns op in ferkearde útspraak, ntl.: "tea-ter" (krekt as "tea-traal", "reak-sje", "rea-gear-je", "rea-lis-me", "krea-tyf" en myn persoanlike favoryt "a-li-nea"). No sil dat wol wat tafalle, dat leau ik ek wol, mar ik fyn it persoanlik altyd in lytse muoite om eefkes de lêzer de helpende hân te bieden en in trema te brûken.En ek al jouwe de wurdboeken de foarmen mei it trema net altyd, se binne yn elts gefal net fout. Ik basearje my dêrby op it boekje Stavering fan 'e Afûk (drs. F.B. Dijkstra, Stavering, Ljouwert, 1991, Afûk, ISBN 9 06 27 34 537), wêryn't op s. 45 stiet:

"It dielteken (trema) wurdt allinne brûkt, wannear't sûnder dat dielteken útspraakbetizing te ferwachtsjen is en om oan te jaan, dat de twa opienfolgjende lûden, dy't tegearre ek in lang lûd of in twalûd foarmje kinne, net ta itselde wurdlid hearre. [...] Wannear't by frjemde wurden gjin útspraakbetizing te ferwachtsjen is, wurdt it dielteken meast weilitten: reaksje (of: reäksje); realisme (of: reälisme); alinea (of: alineä); kreatyf (of: kreätyf). It dielteken mei net weilitten wurde by: beämte (= amtner), ferlykje: beamte (= beammeguod). It is dêrom oan te rieden om yn gefal fan twivel altyd wol it dielteken te brûken. Dêrmei hoedzje jo josels foar misferstannen en útspraakflaters."

Aldus de Afûk. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 feb 2017, 16.38 (CET)Beäntwurdzje

Wy hawwe ek al in protte teaters feroare yn teäters. Drewes (oerlis) 16 feb 2017, 16.45 (CET)Beäntwurdzje
It is gjin halssaak. Ik leau net dat it fout is om 'teater' te skriuwen, mar foar de Fryske lêzer (dy't oer it algemien net sa'n soad meters Frysk per jier makket) liket my 'teäter' wol freonliker foar de eagen ta. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 feb 2017, 17.05 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Teäter".