Oerlis:Ype Poortinga

Lêste reäksje: 11 jier lyn troch Kening Aldgilles by it ûnderwerp Rige folksferhalen

Rige folksferhalen bewurkje seksje

Bêste minsken,

It mânske wurk fan Ype Poortinga (syn folksferhalen) kaam my krekt yn 't sin. Ik lês dêr net folle oer yn it artikel oer Poortinga. Neffens ferskate websiden (gjin echte boarnen), soe er sa'n seistûzen ferhalen sammele hawwe. Ik haw wol sjoen dat al dy ferhalen bondele binne yn sân grutte bannen dy't allegear op syn minst 300 of miskien sels wol 400 siden omfiemje. Miskien dat ien dêr wat mear oer skriuwe kin? Ik bin net hielendal fertroud mei syn wurk, en haw de hope dat oare minsken dêr (mei boarnen) wat mear oer fertelle/skriuwe kinne. It skynt sa te wêzen dat syn wurk net allinnich ûnbidich grut is, mar ek dat syn wurk ynternasjonaal omtinken krige en ek grutte wurdearring krige. It liket my alteast tige de muoite wurdich. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 21 jul 2012, 22.37 (CEST)Beäntwurdzje

Werom nei de side "Ype Poortinga".