Oosterland (Wieringen)

Oosterland (Wieringen)
Himrik fan Oosterland (Wieringen)
Provinsje Flag of North Holland.svg Noard-Hollân
Gemeente Hollands kroon vlag.svg Hollâns Kroan
Ynwenners (2021) 165 [1]
Koördinaten 52°55'44"N 5°0'40"E
Netnûmer 0227
Postkoade 1779
Webstee Unbekend

Oosterland (Nederlânsk foar "Easterlân") is in doarp yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân.

SkiednisBewurkje

 
Oosterland

Oarspronklik wie Oosterland it meast eastlike doarp fan it eilân Wieringen. Alhoewol't it eilân nea fan plak feroare, groeide it oan de eastkant wol hieltiten oan. It tsjerkedoarp Oosterland sil oarspronklik in oanlisplak hân hawwe, mar 'de ouwer' kaam hieltiten fierder fuort te lizzen. Yn de 14e en/of 15e iuw ferhûzen de bewenners ek nei de nije kust en is it havendoarp Den Oever ûntstien.

De MichaeltsjerkeBewurkje

It hjoeddeiske dowestiennen tsjerkegebou komt út de 12e iuw en is in foarbyld fan de romaanske boustyl. By de restauraasje yn de jierren 1990 waarden yn it koer fan de tsjerke spoaren fan in houten tsjerkje út de 9e of 10e iuw fûn. Yn de rekonstruearre krypte fan de Michaeltsjerke binne noch in sarkofaach (10e iuw) en trije bûnstsânstiennen sarkofagen (12e en 13e iuw), ôfkomstich fan it tsjerkhôf fan de tsjerke.

Yn de eardere pastorij fan de Michaelstsjerke hat de Dútske kroanprins Friedrich Wilhelm fan Prusen (1882-1951) tusken 1918 en 1923 yn ballingskip wenne. De Dútske keizer en syn famylje krigen nei de Earste Wrâldoarloch asyl yn Nederlân. De keizer wenne yn Doarn en syn soan Friedrich Wilhelm waard ferballe nei Wieringen.

Berne yn OosterlandBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: