Noarske swierwettersabotaazje

(Trochferwiisd fan Operaasje Freshman)
Noarske swierwettersabotaazje
(ûnderdiel fan 'e Twadde Wrâldoarloch)

De Vemork-wetterkrêftsintrale yn 1935.
datum: 19421944
plak: Telemark
útkomst: súksesfolle Alliëarde sabotaazje fan it
nazy-Dútske besykjen om in atoombom te
meitsjen
konfliktpartijen
  Noarsk ferset
stipe troch:
Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
nazy-Dútslân



befelhawwers
  Knut Haukelid
  Jens-Anton Poulsson
  Joachim Rønneberg
Josef Terboven


sterkte
  18
46
3.000

ferliezen
   minimaal 14 deaden
39 deaden
minimaal 4 deaden

De Noarske swierwettersabotaazje (Bokmål: Tungtvannaksjonen; Nynorsk: Tungtvassaksjonen) wie in rige sabotaazje-aksjes fan it Noarske ferset yn 'e Twadde Wrâldoarloch om foar te kommen dat nazy-Dútslân in atoombom meitsje koe. Dêrfoar wie nammentlik swierwetter nedich, in skiekundich manipulearre foarm fan wetter, dy't produsearre waard yn 'e wetterkrêftsintrale Vemork, by Rjukan, yn 'e Noarske provinsje Telemark. Mei Britske stipe wisten de fersetslju earst it swierwetterfabryk te sabotearjen, wêrnei't Amerikaanske bombardeminten de Dútsers twongen om 'e al produsearre foarrie swierwetter oer te bringen nei Dútslân. Underweis brocht it ferset de fearboat mei al it swierwetter oan board ta sinken.

Foarskiednis bewurkje seksje

De wetterkrêftsintrale Vemork, by de wetterfal fan Rjukan, yn 'e provinsje Telemark, waard yn 1934 boud. It wie de earste fasiliteit yn 'e wrâld dêr't swierwetter (D2O) yn grutte hoemanichten produsearre waard, hoewol yn 't earstoan inkeld as byprodukt fan it gemyske proses stikstoffiksaasje. Foarôfgeande oan 'e Dútske ynfal yn Noarwegen, op 9 april 1940, helle it Frânske Deuxième Bureau de besteande foarrie swierwetter, dy't 185 kg weage, út Vemork wei. De direksje fan 'e sintrale stimde deryn ta om it swierwetter oan Frankryk te lienen foar de doer fan 'e oarloch. It waard yn it geheim fia de Noarske haadstêd Oslo en it Skotske Perth nei Frankryk oerbrocht. De sintrale wie lykwols by steat om 12 ton swierwetter yn it jier te produsearjen, en doe't Noarwegen troch nazy-Dútslân beset waard, sieten de Alliëarden deroer yn dat de Dútsers it guod brûke soene foar harren programma om in atoombom te meitsjen.

 
In buiske mei swierwetter, produsearre yn Noarwegen.

Tarieding bewurkje seksje

Operaasje Grouse bewurkje seksje

Yn oktober 1942, nei alarmearjende berjochten út Noarwegen oer it opfieren fan 'e produksje fan swierwetter troch de Dútsers, begûn it Alliëarde Combined Operations Headquarters plannen yn 'e praktyk te bringen om it swierwetterfabryk Vemork foargoed út te skeakeljen. Op 19 oktober waard by Operaasje Grouse in foarhoede besteande út fjouwer Noarske kommando's dy't traind wiene troch it Britske Special Operations Executive (SOE) oan parasjutes dropt op it Hardangerplato boppe de sintrale. It gie om Jens-Anton Poulsson, Arne Kjelstrup, Knut Haugland en Claus Helberg.

Operaasje Freshman bewurkje seksje

Op 19 novimber 1942 folge Operaasje Freshman, wêrby't de Noarske kommando's selskip krije soene fan Britsk legerpersoniel, dat yn twa Airspeed Horsa-sweeffleantugen lutsen troch twa Handley Page Halifax-bommesmiters lânje soe op 'e beferzen mar Møsvatn. Elts sweeffleantúch befette 2 piloaten en 15 leden fan 'e Royal Engineers, de sjeny fan it Britske Leger. It lûken fan sweeffleantugen wie altyd in nuodlike saak, mar dat waard diskear noch helte minder makke troch de lange ôfstân fan 'e Britske loftmachtbasis Skitten, by Wick, yn noardlik Skotlân, nei Noarwegen, en troch de waarsomstannichheden, dy't it sicht sterk beheinden.

 
It swierwetterfabryk Vemork yn 2008.

Ien fan 'e Halifax-bommesmiters fleach tsjin in berch oan, wêrby't alle sân bemanningsleden omkamen. De byhearrende Airspeed Horsa heakke de sleepkeabel op 'e tiid los, mar stoarte deunby ek del, wêrby't ferskate ynsittenden omkamen en oaren swierferwûne rekken. De oare Halifax-mei-sweeffleantúch-kombinaasje arrivearre wol feilich yn 'e Noarwegen, mar koe de lâningssône net fine. Op 'e bemanning fan 'e twadde Halifax nei, dy't sûn en wol weromkearde yn Skotlân, kamen alle belutsen Britske militêren om by de ûngelokken of waarden nei't se kriichsfinzen nommen en ûnderfrege wiene troch de Gestapo eksekutearre.

Operaasje Gunnerside bewurkje seksje

It hie de bedoeling west dat de Noarske kommando's de Britske sjenysoldaten nei Vemork ta begeliede soene sadat dêr by in sabotaazje-aksje it swierwetterfabryk útskeakele wurde koe, mar nei't Operaasje Freshman yn sa'n fiasko einige wie, rûn dat plan op 'e non. De Dútsers wiene no op harren iepenst, en pleatsten skynwerpers en lânminen by it swierwetterfabryk, wylst se teffens de bewekking troch skyldwachten útwreiden. Underwilens loeken de fjouwer Noarske kommando's har werom yn in skûlplak yn 'e bergen, dêr't se wikenlang op moas en koarstmoas oerlibben oant se koart foar de kryst in rindier skeaten. Tsjin dy tiid stie it Grouse-team bekend ûnder de koadenamme Swallow. By Operaasje Gunnerside waarden yn 'e nacht fan 15 op 16 febrewaris 1943 nochris sân Noarske kommando's op it Hardangerplato dropt, dy't har ûnder lieding fan Joachim Rønneberg by it Swallow-team joegen.

 
In rekonstruksje fan it oanbringen fan 'e springstofladings by de elektrolyzekeamers yn it swierwetterfabryk.

Sabotaazje-aksjes en bombardeminten bewurkje seksje

Sabotaazje fan it swierwetterfabryk bewurkje seksje

Yn 'e nacht fan 27 op 28 febrewaris 1943 krongen de alve Noarske kommando's it swierwetterfabryk Vemork binnen, dêr't de wachens fan 'e Dútske skyldwachten geandewei de winter wer wat belune wie. De brêge oer it 200 m djippe ravyn oer de rivier de Måna wie lykwols net oer te kommen, dat de kommando's moasten by de steile rotswand abseile en de izige rivier trochwâdzje, wêrfan't it wetter by 't winter tige leech stie. Oarekant de Måna, dêr't de grûn oer in stadige skeante omheech rûn, folgen se it spoar nei it fabryk sûnder skyldwachten tsjin te kommen.

De SOE hie in Noarske geheim agint yn it fabryk, dy't detaillearre plattegrûnen en skema's trochspile hie. Dêrtroch koene de leden fan it team it gebou fia de kelder ynkomme. Se pleatsten springstofladings op 'e elektrolyzekeamers dêr't it swierwetter produsearre waard, mei in lont dat langernôch wie foar harren om te ûntsnappen. De springstofladings giene ôf en fernielden de elektrolyzekeamers folslein. Ek de hiele foarrie oan swierwetter dy't ûnder de Dútske besetting produsearre wie, fan mear as 500 kg, waard by de ûntploffings ferneatige. Hoewol't de Dútsers mei 3.000 man de omkriten trochsochten om 'e dieders te pakken te krijen, ûntkamen alle fersetslju. Fiif oerbrêgen mei skyrinnen in ôfstân fan 400 km om beskûl te sykjen yn Sweden; twa giene nei Oslo, en fjouwer bleaune yn Telemark foar fierder fersetswurk.

Bombardeminten bewurkje seksje

Troch de sabotaazje-aksje lei de produksje fan swierwetter yn Vemork ferskate moannen stil. Tsjin april 1943 wie it fabryk reparearre. De SOE konkludearre dat in soartgelikense aksje gjin kâns mear hawwe soe op súkses, mei't de Dútsers de befeiliging fan it kompleks sterk ferskerpe hiene. Dêrom sette de Amerikaanske Loftmacht útein mei in rige bombardeminten op it fabryk. Dat wie mooglik om't de Dútsers doe folle minder jachtfleanmasinen ta harren foldwaan hiene om Alliëarde bommesmiters mei oan te fallen as in jier earder.

 
De fearboat SF Hydro yn 1925.

Sadwaande koene yn novimber 1943 op ljochtskyndei 143 Boeing B-17 Flying Fortress-bommesmiters 711 bommen op it kompleks delreine litte. Hoewol't dat foar in protte skea soarge, foelen teminsten 600 fan 'e bommen njonken it fabryk. Op 16 en 18 novimber folgen nije bombardeminten, útfierd troch 35 Consolidated B-24 Liberator-bommesmiters, dy't de wetterkrêftsintrale as doelwyt hiene. As dy útskeakele waard, soene de Dútsers gjin enerzjy mear hawwe om swierwetter te produsearjen. De Dútsers, dy't derfan oertsjûge wiene dat de oanhâldende bombardeminten úteinlik neat fan it fabryk hiel litte soene, besleaten begjin 1944 om 'e nije swier-wetterfoarrie en oare kritike ûnderdielen oer te bringen nei Dútslân.

It ta sinken bringen fan 'e SF Hydro bewurkje seksje

De SOE ljochte Knut Haukelid dêroer yn, dy't op dat stuit de iennichste trainde kommando yn 'e wide omkriten fan Vemork wie. Him waard opdracht jûn om derfoar te soargjen dat it swierwetter nea yn Dútslân oankomme soe. Haukelid rekrutearre twa pleatslike leden fan it Noarske ferset om him te helpen. De beide treinen dy't it swierwetter fan it fabryk nei de súdkust ferfierden, moasten dêrfoar de Tinnmar oerset wurde op 'e SF Hydro, in spesjale fearboat foar treinen. Haukelid-en-dy stelden fêst dat dat it swakste plak yn it hiele trajekt wie, en besleaten om 'e fearboat op it djipste punt fan 'e mar ta sinken te bringen. Se planten tiidbommen yn it rom, dy't op 20 febrewaris 1944 om midsnacht hinne ôfgiene, doe't de fearboat mei de treinen en it swierwetter oan board de mar oerstiek.

 
F.l.n.rj. Knut Haukelid, Joachim Rønneberg en Jens-Anton Poulsson, dy't op 5 febrewaris 1948 foarsteld wurde oan kening Haakon VII (mei gongelstôk) by de premiêre fan 'e film Kampen om Tungtvannet.

Nettsjinsteande it besykjen fan it ferset om it tal slachtoffers sa lyts mooglik te hâlden, kamen by de aksje 18 minsken om, wêrûnder 14 Noarske bemanningsleden en passazjiers en 4 Dútske soldaten. Fan 'e opfarrenden oerlibben 29 it sinken fan 'e fearboat. Guon eachtsjûgen seine neitiid dat se stielene fetten driuwen sjoen hiene, wat ta de spekulaasje late dat der net echt swierwetter yn sitten hie (dat swierder is as gewoan wetter en dus sonken hawwe soe). Nei-oarlochsk ûndersyk fan 'e Dútske argyfstikken wiisde derop dat guon fetten mar heal fol wiene, wat driuwen mooglik makke hawwe soe trochdat de lucht dy't deryn siet it gewicht fan it swierwetter teneate dien hawwe soe. It is mooglik dat inkele fetten neitiid troch de Dútsers opfiske en dochs noch nei Dútslân ta oerbrocht binne. De grutte mearderheid lei lykwols 200 oant 300 m djip op 'e boaiem fan 'e Tinnmar.

Resint ûndersyk bewurkje seksje

Yn 2005 waard dêr ien fan opfiske, mei it nûmer "26" derop. Troch analyze fan 'e ynhâld waard bewiisd dat it swierwettertransport gjin ôfliedingsmaneuver fan 'e Dútsers wie. Oan 'e oare kant bliek de konsintraasje swierwetter yn it fet te leech te wêzen om fan wearde te wêzen foar in nukleêr wapenprogramma. Dat soe in ferklearring wêze kinne foar it gebrek oan strange befeiliging fan it transport. Saakkundigen ornearje dat de lege konsintraasje it al langer besteande fermoeden befêstiget dat de oarspronklike sabotaazje-aksje yn it Vemorkfabryk mear skea feroarsake hie as de Dútsers tajaan woene.

Beskriuwings en adaptaasjes bewurkje seksje

De Noarske swierwettersabotaazje waard neitiid beskreaun yn ferskate boeken fan direkt belutsenen. Knut Haukelid publisearre yn 1953 syn autobiografysk ferslach Kampen om Tungtvannet ("De Striid om it Swierwetter"). Jens-Anton Poulsson brocht yn 1982 in boek út mei as titel Aksjon Vemork: Vinterkrig på Hardangervidda ("De Vemork-aksje: Winteroarloch op it Hardangerplato"). De earste filmadaptaasje fan 'e sabotaazje wie Kampen om Tungtvannet, in Noarske film út 1948. Folle bekender is de Britsk-Amerikaanske film The Heroes of Telemark, út 1965, mei Kirk Douglas yn 'e haadrol.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, op dizze side.