Osingastate (Langwar)
Osingastate is in state yn Langwar dy’t wierskynlik tusken 1619 en 1652 stiften is troch grytman Syts fan Osinga. Troch gemeentlike weryndieling heart Langwar by de gemeente Skarsterlân en is Osingastate gjin gemeentehûs mear. It is partikulier besit en net frij tagonklik.
Skiednis
bewurkje seksjeKrektas Crackstate en Oenemastate wie ek Osingastate in gritenijhûs en letter gemeentehûs. Fan 1705 oant 1722 waard it hûs bewenne troch grytman Allard fan Boerum dy’t it hielendal ferbouwe liet. It waard doe in steatlik gebou mei krúskesinen dy’t fold wienen mei glês yn lead. Yn 1772 erve Frâns Julius Johan fan Eysinga (1752-1828) it hûs fan syn pake Johan Vegelin fan Claerbergen, tagelyk mei it amt fan grytman fan Doanjewerstâl.
Yn ’e rin fan de 18e iuw kamen der skoramen yn mei lytse rútsjes. Yn 1887 soe Osingastate sloopt wurde, mar der waard besletten om der fjouwer arbeiderswenten yn te meitsjen. De haadferdjipping en haadyngong binne doe weihelle.
Yn 1939 is de State hielendal platgongen en waard it no noch besteande gebou op de fûneminten boud. Yn de herfoarme tsjerke fan Langwar stiet noch in bank út 1680 en de wapens fan Frans fan Eysinga fersiere it oargel út 1784.
-
Wenkeamer, earste ferdjipping
-
Hal
Bewenners
bewurkje seksje- .. - 1652 Syts fan Osinga
- 1705 – 1722 Allard fan Boerum (Allard van Burum)
- 1722 - 1772 Johan Vegelin van Claerbergen
- 1772 - 1728 Frans Julius Johan van Eysinga (1752-1828)
- 1828 - 1829 Schelte Hessel Roorda fan Eysinga (1780-1829)
- 1829 - 1835 Binnert Philip van Eysinga
- 1836 - 1857 Catharina Johanna van Eysinga, troud mei Pieter de Beaufort
- 1857 - Cornelia Anna de Beaufort
Sjoch ek
bewurkje seksje- Osingastate yn Kimswert
- Osingastate yn Dronryp
- Osingastate by Skettens