Scouting

(Trochferwiisd fan Paadfiner)

Scouting (fan it Ingelske wurd foar "ferkennen"), ek wol Paadfinerij of Ferkennerij, is in ynternasjonale organisaasje dy't dernei stribbet om bern har frije tiid yn 'e natoer trochbringe te litten en harren dêrby brûksume dingen by te bringen. Scouting begûn mei in kamp op Brownsea Island yn Grut-Brittanje opset troch Robert Baden-Powell mei 21 jonges en is útgroeid ta de grutste jongereinferiening fan de wrâld. Hjoed de dei hat de wrâldorganisaasje 28 miljoen leden, lieding en kaderleden meirekkene.

It ynternasjonale Scouting teken
 
Baden-Powell

Baden-Powell (B-P) wie in generaal yn it Ingelsk leger en focht foar syn heitelân yn dielen fan koloniaal Afrika en Yndia. Hy koe syn rekruten goed trene en sa krige in lieder fan in foarrinner fan Scouting it idee dat Baden-Powell wol in boek skriuwe koe foar jonges, mei as doel om net goede soldaten, mar goede boargers foar de maatskippij te wurden. Baden-Powell seach hjir wol wat yn en hy betocht dat as hy in kamp hâlde soe mei jonges út it hiele lân út ferskate fermiddens dat er dan goed sjen koe wat der by de jongerein libbe om in hantlieding te skriuwen foar in goed boargerskip. Sa barde it, yn 1907 gie er mei 21 jonges nei Brownsea Island om it ‘spul fan Ferkennen’ út te probearjen. It slagge.

Dêrnei skreau Baden Powell it boek 'Ferkennen foar Jonges' (Ingelsk: Scouting for Boys). It boek kaam yn 1908 út en waard in grut súkses yn Ingelân en oeral begûnen jonges de dingen beskreaun yn it boek nei te dwaan. Sy setten út ein mei klupkes mei eigen makke unifoarmen sa as bern dat dogge. Yn de rin fan de tiid gienen folwoeksenen dit begelieden, út dy klupkes ûntstienen regionale groepen en út de regio’s ûntstienen lanlike organisaasjes en úteinlik ek in (tal) wrâldsorganisaasje(s). Baden Powell lei syn taken yn it leger del om fierder te gean mei scouting. Hy waard útroppen as Oerskout fan de Wrâld (Ingelsk: Chief Scout of the World). Letter koenen ek famkes by scouting. Syn wiif, Olave Baden-Powell, naam dit foar har rekken. Famkes by Scouting waarden ek wol Paadfynsters of Gidsen neamd.

Fierders kamen der allerhanne groepen by, lykas wetter-kkouts, loft-kkouts, en sa fierder.

Scouting hat in oantal gewoantes oernaam út it leger. It hat lykwols nea de bedoeling west om in jongereinleger op te setten. Gewoanten dy’t oernaam binne, binne bygelyks: unifoarmen (sadat eltsenien, mei hokker eftergrûn ek, lyk oan mekoar is), it iepenjen mei in flagge en it saluearjen.

Mar Baden-Powell seach goed om him hinne om Scouting foar eltsenien (oantreklik) te meitsjen. Foar de jongere jonges betocht hy de Welpen dy’t nei it Jungle Book ferhaal fan Rudyard Kipling yn de Rimboe mei Akela de wolf, Baloo de bear, Bagheera de panter, Kaa de slange en oare bisten spannende tiden belibben. De lieding fan ‘Welpen Hordes’ binne ferneamd nei dizze bisten.

De scoutingorganisaasje stiet foar eigen ûntwikkeling fan bern en jongerein mei begelieding fan folwoeksenen. By Scouting binne bern altyd aktyf dwaande en foaral bûten. Der binne ferskate tema’s, oanpast op de leeftyd.

Scouting jout wille, útdaging en struktuer. Bern en jongerein kinne der in soad yn kwyt, mar ek kinne sy der in soad úthelje. It makket bern en jongerein maatskiplik belutsen, bringt respekt, gearwurkjen en selsstandich wurkjen by.