Palladianisme
It palladianisme is yn styl út de Europeeske arsjitektuer, skaaimerke troch ienfâld en harmoany.
De styl is ôflaat fan de Italjaanske arsjitekt Andrea Palladio (1508–1580) dy't arbeide yn Feneetsje. De styl is it resultaat fan in evolúsje dy't útein sette yn de 17e iuw en dy't oanhâlde oant de ein fan de 18e iuw.
It wurk fan Palladio gie werom op de boukeunst fan de âldheid, dat it waard in tsjinhinger fan de barok. It is in diel fan it klassisisme
De styl waard tapast yn de Noardlike Nederlannen, yn Noard-Dútslân en yn Frankryk (yn it regear fan Loadewyk XIV en Loadewyk XV). Yn Ingelân briek it palladianisme troch mei Inigo Jones. Ferskate bûtenpleatsen waarden neffens dy styl delsetten, bygelyks Chiswick House fan William Kent. Christopher Wren hat ferskate tsjerken yn Londen yn de styl boud. De styl fûn ek yngong yn de Feriene Steaten en waard dêr populêr, benammen yn de gebouwen fan arsjitekt Thomas Jefferson.
In protte oerheids- en mienskipsgebouwen binne yn dy styl set.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Chiswick House
- Holkham Hall
- Ynternasjonaal sintrum foar stúdzje fan Andrea Palladio's arsjitektuer (CISA)
- Palladian Architecture in England
- The Center for Palladian Studies in America, Inc.
- Palladio's Villas
- Thomas Jefferson syn arsjitektuer
- Woburn Abbey
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vitruvius Britannicus fan Wikimedia Commons. |