Swellesturtflinter

(Trochferwiisd fan Papilio machaon)

De swellesturtflinter (Papilio machaon) is in soarte yn it skaai fan de swellesturtflinters (Papilio).

swellesturtflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje paazjes (Papilionidae)
skaai swellesturtflinters (Papilio)
soarte
Papilio machaon
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

Foarkommen bewurkje seksje

De swellesturtflinter kin op ferskate terreinen fûn wurde, lykas greiden mei in protte krûden, tunen, sompich lân en ekers. De swellesturtflinter mei graach swalkje. De flinter kin dan ek hiele einen fleane. Yn geunstige simmers kin er ek yn Fryslân sjoen wurde. Mar sommige jierren is er ek net te sjen. Yn Limburch binne altyd Swellesturtflinters.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter bewurkje seksje

De wjuklingte is 32 oant 41 mm. De grûnkleur is giel. De swellesturtflinter wurdt faak sjoen by heuvels. Dêr moetsje de mantsjes en de wyfkes elkoar.

Fljochtiid bewurkje seksje

De flinter fljocht fan begjin april ôf oant ein juny en fan ein juny oant ein septimber, foaral tusken 25 july oant 5 augustus. Fljocht meast yn twa generaasjes, hiel soms yn trije.

Rûp bewurkje seksje

De rûp kin 50 mm lang wurde. De rûp is grut mei in ljochtgriene kleur. Elk segmint hat in swarte bân. De kop is gieleftich mei swarte tekens. De rûp feroaret bot tidens it groeien en ferfeljen. De rûpen ûntwikkelje by't simmer. As de rûp him ûnfeilich fielt dan wurdt it osmaterium útskulpe. Dat osmaterium is in soart foarke-eftich orgaan. Dêrmei kin de rûp in stank feroarsaakje om sa oanfallers fuort te jeien.

De rûp fret skermblommigen.

Sjoch ek bewurkje seksje